Laatste update donderdag, 18 april 2024
dinsdag, 12 maart 2013 Marsumers om útens
Wietske Smit-Heida is berne yn juny 1956 op de Uniastrjitte 13 as dochter fan Jappie en Annie Heida-Keegstra. Letter kamen noch de jonges Piet en Kornelis (Kees).
Se ha dêr in fijne en ûnbesoarge jeugd hân, dêr’t se neat yn te koart kamen. Wietske hat moaie oantinkens oan de tiid yn de Uniastrjitte. Lykas doe’t der ierdgas yn’e hûs kaam.
Wat in foarútgong, allinnich al dat ús heit net mear mei de gasflesse hoegde te skodzjen at de ierappels krekt net gear wiene. Mar ek dat it moandeis waskdei wie, yn it kâlde wetter stie ús mem alles te spielen en at it net droegje woe bûtendoar kaam de wask yn de keamer. In ‘spin’ mei wask boppe en rekjes mei wask foar de kachel, je koene sokke dagen net nei bûten sjen want de ruten wiene hielendal beslein fan focht. Och, foar ús wie dat net slim want at we it yn de plasse hiene koene we it hiele grutte rút brûke as tekenpapier. Oant ús mem kaam mei in doekje dêr’t wat ôfwaskersguod op siet en dan hine we wer byld.”
De earste televyzje yn de strjitte wie ek hiel wat. Wietske: “Sneons earst yn de tobbe, en dan mochten we nei de oerbuorlju, de famylje Zwier om ‘Swiebertje’ te sjen. Echt feest wie dat. Letter krigen we sels in grutte kast as televyzje yn’e hûs mei Ned. 1, dêrnei kaam der in kastje foar Ned. 2 en 3. Op it testbyld alles skerp sette. Betiden steurde it televyzjebyld… in beste dreun tsjin de sydkant en we koene wer fierder sjen. Mar ek by buorfrou Velsma kniperkes bakke, by frou Alie Wiering eigenmakke havermout ite dy’t prottele op in petroaljestel… hearlik! Mei de hûn “Robby” fan de oerbuorlju Tseard en Siet Dijkstra boartsje.”
Wietske kaam ek in soad op de sportfjilden achterhûs. “Ik ha noch in jier op froulju’s fuotbal sitten, mar dat ha’k witten… Wat kinne froulju gemien wêze, raze en skelle, oan it hier lûke.. Nee dat wie neat foar my. Polsstokspringe yn it lân en dan faak wiet thúskomme. Dêr wie ús mem op’t lêst echt net mear bliid mei.”
Wietske begjint har skoalkarjêre op de beukerskoalle (yn it gebou dêr’t letter jeugdsoas ‘Under de sjuut’ yn siet) mei juf Keulen foar de klasse. Dêrnei de legere skoalle mei juffrou Postma, juffrou Van der Veen en master Steenbeek.
De skoalreiskes wiene altyd in feest. De Keale Dunen by Appelskea, de prachtige boarterstún fan Olterterp. En at we dan mei de bus by skoalle kamen stiene de âlders ‘ferskrikt’ te sjen nei de lege bus…”
De skoaltoanielstikjes waarden opfierd op de souder fan de kroech op de hoeke. “Yn in lyts keamerke neist it toaniel moasten we ús prachtige toanielklean oan dwaan, de spanning wie dêr te snijen. At je dan opkamen, seagen je earst de seal yn wêr’t je heit en mem sieten en dan wiene je wolris te let mei de tekst, mar dat koe. De skoalle hie inkeld glês en wie net isolearre en dat yn de tiid fan de Starfighter. Mar wy as bern ha der neffens my gjin lêst fan hân. It wie sa.“
Yn Ljouwert giet Wietske nei de húshâldskoalle. Se docht de 3-jierrige basisoplieding en dêrnei ien jier O.V.B. Dan folget 2 jier I.N.A.S. Alles wurdt mei goed gefolch ôfrûne. Dêrnei nei Frjentsjer om it psychiatry-diploma te heljen. Se is dan 18 jier en moat yntern op keamers yn Grut Lankum.
Dat wie ferplicht om ‘oersjoch’ op ús te hâlden. Nou dat ha se witten! Jong en wyld… Lokkich is alles goed kommen, mar gjin diploma oan oerhâlden. Wol ha’k dêr 5 jier wurke. Ik wie dêr al in stikje antyk, sa’n ferrin siet doedestiids yn it personiel.”
Yn dy tiid (1976) ferhuzen ek de âlders fan Wietske fan de Uniastrjitte nei de Rypsterdyk 18, it âlderlik hûs fan mem Annie. “Ik ha der sels net wenne, mar eartiids kaam ik er faak by pake Kees en Beppe Wietske, we wiene dêr altyd wolkom. Se sieten faak te skimerjen yn it lytse keamerke by in teeljochtsje, sjen wa’t der út de buorren kamen en dan hiene se wer praat.”
Yn de hast by eltsenien wol bekende bardancing ‘Don Pedro’ yn Frjentsjer leart Wietske Jimmo Smit kinnen, in bakkerssoan út Frjentsjer. Nei de ferkearings- en ferlovingstiid trouwe se yn desimber 1978 yn Frjentsjer. Jimmo docht de plysje-oplieding yn Harns en Koudum wurdt yn 1981 harren stânplak. Dêr wenje se noch.
We ha 2 moaie dochters krigen, Annie yn 1982 en Tetty yn 1986. Annie wennet yn Koudum en Tetty mei har man Jelmer en soan Daan Douwe (aug. 2011) yn Hylpen. Dat ik bin in grutske BEPPE !!! Al 17 jier ha ik in schoonheidssalon oan hûs, dêr’t ik mei in protte nocht en plesier yn wurkje.”
Hobby’s hat Wietske ek genôch. Bridgen, golfen, rinne by de Morra lâns, tennis en skilderje mei oaljeferve. En in moai boek fynt se op’e tiid tige ûntspannend. Koudum hat in goed winkelbestân en goeie foarsjenningen foar jong en âld, dat it foldocht harren dêr tige goed.
Der komme hjir ek in protte toeristen op de kamping ‘de Kuilart’. Dizze kamping stiet tige goed te boek, dat Marsumers probearje Koudum ris in kear út! In protte kuier- en fytspaden lâns de marren en yn de bosk, je kinne genietsje op de Fluezen mei in syl- of motorboatsje en Koudum sels hat in keunstsintrum.”
Yn Marsum sels kom ik net sa faak mear. We ha dêr no gjin âlderlik hûs mear, ús âlders binne koart nei elkoar stoarn. Heit novimber 2006 en Mem yn juny 2007. Gelokkich binne se yn harren eigen hûs stoarn, dat wie ek harren winsk. Wat ús as bern doe wol swier foel wie om it hûs te ferkeapjen. Mar we ha nei goed oerlis it dochs dien. Auke Donga en Afke Tadema ha it kocht en se binne tige oan it ferbouwen om it hûs om te setten nei harren eigen ideeën. Dat liket se goed te slagjen. Mei Marsum’ merke kom ik noch wolris sneins op de ‘Tsiene’ foar it keatsen. Je sjogge en prate dan mei bekinden. Sels tink ik dat ik net wer yn Marsum kom te wenjen, tiden ha tiden en ik kin mei in goed gefoel op Marsum weromsjen. Www.marsum.info stiet by my yn’e favoriten, dat ik hâld goed by wat der yn it doarp omgiet. En oars krij ik wol in mail fan ien fan myn bruorren.”
29-03-2024 Prikbord
22-03-2024 Prikbord
16-04-2024 Dorpsbelang
14-02-2024 Dorpsbelang
04-04-2024 Kerknieuws
14-03-2024 Kerknieuws
07-03-2024 Kerknieuws