De Marsumer Âldjiersploech hat hast in wike lang yllegaal yn de ether west op de 97.0 FM as Radio MAP. Nei alle berjochten oer it mislearjen fan ferskate stunts yn Fryslân is de Âldjiersploech Marsum der tige grutsk op dat harren stunt tige goed slagge is.
Tiisdeitemiddei is de stjoerder de loft yn gongen en sneon om 16.00 oere binne se ophôlden mei útstjoeren. De 11 mannen en 1 frou hawwe hast 5 dagen lang 24 oeren live yn de ether west. Der binne hast 1000 fersyknûmers oanfrege. Dit mei tank oan de ynwenners fan Marsum en fiere omkriten.
Elke dei wiene der ferskate aktiviteiten yn en om it doarpshûs Nij Franjum yn Marsum. Piter Wilkens hat in optreden jûn en de dielnimmers fan de Fryske Music Night ‘Marit & Pa’ wiene live te hearen. Ek binne dweilorkest de Wadlopers, Fryske Cash Elske Minnema, Sybe van Palmhoven (de Fryske Elvis) en de bands S5 en T’nT tegearre mei Grutte Geart en ek noch in live harkspul fan it pleatslike toanielselskip te hearen west. Dêrom diene alle dagen in soad besikers en harkers aktyf oan de stunt fan de Âldjiersploech mei.
De ploech hat der wol oer ynsitten dat se troch de ATT út de loft helle waarden. De ATT wiene tige aktyf en der binne ferskate etherpiraten oprôle. Dêrom is de Âldjiersploech Marsum der sa wiis mei dat se 96 oeren efter elkoar útstjoere koe.
Tip
Fierder sil der op Nij Andringastate in doarpsurn pleatst wurde. Dit omdat der sprake fan is dat op dit plak yn de takomst in útfeartsintrum komme sil.