Dr. Henricus Popta is 14 septimber 1712 ferstoarn. Dat wie freed 14 septimber 2012 reden foar in sympoasium yn de tsjerke fan Marsum ta eare fan de man dy’t it doarp ûnder oare it Poptaslot en it Gasthûs neiliet.
Underwerp fan it sympoasium wie de fraach hoe’t kultureel erfguod beheard wurde moat. Fierder krige boargemaster Tom Van Mourik fan Menameradiel it earste eksimplaar fan it jubileumboek oer Popta oanbean. Yn Marsum stiet it hiele jier yn it teken fan Popta. Sa is der al in iepenloftspul opfierd yn de tún fan it slot. Popta hat it behear fan syn eigendommen oerlitten oan in rintmaster en fâlden.
1e foto deelt rentmeester Vogelpoel van de Dr H. Poptastichting het eerste exemplaar van het boek “Dr. Henricus Popta over zijn leven en nalatenschap” uit aan burgemeester Tom van Mourik.
2e foto geeft beeld van genodigden in de Marsumer kerk.