Op 17 desimber bringt muzykferiening ‘Ons Genoegen’ in muzikale krystfertelling yn in nij jaske.
‘Flamke’ is in bewurking fan ‘Het meisje met de zwavelstokjes’ fan de Deenske skriuwer Hans Christian Andersen en spilet har ôf yn it hjoeddeiske Marsum.
Mei meiwurking fan aktrise Mayte Veenstra en filmer Harto Schillemans wurdt der in aktueel ferhaal fertelt, wêrby spul, sang en bield byelkoar komme.”
Op sneon 17 desimber bringt Muzykferiening ‘Ons Genoegen’ fan Marsum in muzikale foarstelling, op in wize sa’t hja yn it ferline noch nea dien ha. Gjin konsert sa as wol bekind, mar wat folslein oars dat wy yn Marsum noch net kinne. Flak foar de korona krige ús orkest in nije dirigint, Jorrit Laverman en namen wy ôfskie fan Douwe Veenstra. Troch dizze tiid koene wy fansels net repeteare, lit stean in konsert jaan. Wy kinne no dan ek net wachtsje om Jorrit oan jo foar te stellen!
Mei ús nije dirigint waait der in frisse wyn troch it orkest en is de ynfolling fan ús konserten bot feroare. Jorrit Laverman siket de muzikale útdaging yn kombinasje mei in fantastysk tema en ferhaal. Op 17 desimber sille jo dan ek hielendal yn it ferhaal meilutsen wurde, dat bassearre is op ‘Het meisje met de zwavelstokjes’ fan Hans Christian Andersen. Spile troch Mayte Veenstra, sil Masha har krystferhaal belibje yn en rûn it doarp Marsum mei muzikale begelieding fan Ons Genoegen.
We sjogge jo graach op 17 desimber om de koarte, tsjustere en kâlde dagen meiinoar te belibjen.