Om dit te fieren binne der in tal aktiviteiten pland yn it wykein fan 15 en 16 maart 2025. Sa binne der eksposysjes yn de tsjerke en de Molewjuk. Op sneon 15 maart stiet der in muzikale dei pland. Sa wurdt der op it oargel spile, komt it koar Halleljua te sjongen en komt brassband ‘’Looft den Heer’’. Om 16.00 oere kinne de bern fergees nei it berneteater fan ‘’professor Cool’’ yn de Molewjuk. Ynrin fan 15.45 oere ôf.
Jûns om 20.00 oere is der in pubquiz mei live muzyk fan Krijn en Marleen. Je kinne je per groep (max 6 pers) oanmelde mar ek alinnich! Opjaan graach foar 8 maart fia tsjerke100jier@hotmail.com
Snein 16 maart om 14.30 oere start de feestlike tsjerketsjinst yn de Moletsjerke foar jong en âld mei meiwurking fan gospelgroep ‘’Joy’’. Der is oppas foar de bern oant 4 jier. De kollekte is foar ‘’stichting ambulance wens Noord Nederland’’. Nei de tsjinst is der gelegenheid foar kofje en tee. Om it feestlike wykein ôf te sluten is der in fergees mienskiplik miel. Wolle jo hjir by wêze dan moatte jo je wol foar 1 maart opjaan fia de e-mail tsjerke100jier@hotmail.com
Slagget it net om jo fia de e-mail op te jaan foar de aktivteiten dan lizze der fan ein jannewaris ôf bryfkes yn de tsjerke foar opjefte.
Hâld kommende tiid de webside, www.pgbitgumeo.net en facebook ‘’PKN Bitgum’’, yn ‘e gaten foar mear ynformaasje.