“Ik bin berne op 5 maaie 1943 op de pleats “Unia State” op Franjumbuorren en wie it tredde bern op rige: myn suster Griet wie fan 1938 en myn broer Wijbren fan 1940. Us heit, Hein Veeman, wie hikke en tein op Franjumbuorren en ús mem Klaske de Jong kaam út de Wâlden, fan Aldtsjerk. As bern fielde ik in dúdlik kultuerferskil tusken de kleikluten en de wâldpiken en ik mocht dan ek graach útfanhûzje by de talrike famylje fan ús mem yn de Trynwâlden. Yn 1952 krigen wy in broerke, Sjoerd, der by en yn 1963 noch in neikommer, Anne, mar doe wie ik it hûs al út.
Dat barde yn 1960 doe’t ik nei Grins ferfarde om biology te studearjen. It studintelibben smakke my skoan, net allinne om de nijsgjirrige stúdzje, mar ek om de sosjale kontakten. Ik wie lid fan de stúdzjeferiening Bernlef, die mei oan kabaretploechjes en spile gitaar yn in dûnsbandsje om wat by te fertsjinjen. Yn 1967 wûn ik tegearre mei Oene Spoelstra in kabaretkriich en sûnt dy tiid doch ik optredens as lietsjonger, dat is dus al wer fyftich jier lang.
De muzyk hat foar my altyd willewurk west, ik haw dêr nea finansjeel fan ôfhinklik wêze wollen. Yn 1969 waard ik learaar biology oan de Pedagogyske Akadeemje yn Drachten en letter oan it Drachtster Lyceum, dêr’t ik ek it fak fan algemiene natoerwittenskip joech. Ik ferhuze nei Eastermar en letter nei Sumarreheide dêr’t ik no noch wenje mei Gonnie dy’t wurk hat as skoaljuffer yn it basisûnderwiis.
Yn Eastermar krige ik út in earder houlik twa bern: Afke (1966) en Rimer (1972) en Afke krige mei har frou twa pakesizzers: Jalte en Nonke. Gonnie en ik krigen op ‘e Sumarreheide twa bern: Femke (1988) en Jaitse (1989). Alle bern binne it hûs al út. Afke wennet yn Houwerzijl, Rimer en Femke yn Amsterdam en Jaitse yn Bamberg yn Dútslân.
Ik kom komselden mear yn Marsum, ik haw nea in sterke bân field mei it doarp. Wol ha ik in lokkige bernetiid hân op Franjumbuorren, op ‘e pleats, dêr boarte ik mear as yn ’t doarp. Fuotbaljen en keatsen dêr hie ik ek gjin nocht oan. Wat ik wol hartstikke moai fûn is dat wy as skoalbern sa no en dan, op foar my folslein ûndúdlike tiden, knikkertmerke hâlden. Dan tôgen de bern fan alles mei om op it skoalleplein in echte merke te bouwen, kompleet mei diskes mei spultsjes en iten. Der waard betelle mei de bitcoin fan doe: knikkerts. In sjittinte mei elastykjes, lekkere sânraapkes (dy’t wy op it lân fûn hiene) en folle net genôch.
Wat ik perfoarst net mis, binne de strieljagers. De grize giet jo dochs oer de grouwe, sa’n stik driigjend oarlochslawaai dat op it doarp loslitten wurdt. Ik winskje Marsum ta dat soks in kear ophâlde sil.”