Yn it bûthús fan in herberg by de stêd fan Bethlehem stiet de widze fan it berntsje Jezus, by syn heit en mem. Soan fan God, Marijes bern, kommen om ús by te stean.
Dizze nacht is swier fan frede en fan swiete ingel’sang. Ut de himel komt genede, dizze nacht is net sa lang, want Gods heil komt foar it ljocht: Hy hat hjoed wer oan ús tocht.
Sjongend bringe wy God hulde dy ’t de wrâld oermachtich is. ’t Minskdom leit ferlern yn skulden en yn grutte tsjusternis. Jezus is de Minskesoan, leafde is syn lytse troan.
Himelsk ljocht komt yn it libben, jowt ús takomst, lok en sein’. Sa kin alle minsken witte fan Gods goedens sûnder ein. Gloria! Mei leafdemacht hâldt de Hear oer ús de wacht.
tekst: Ulbe Tjallingii (2025) meldij: IRBY, H.J.Gauntlett (1805-1876) ‘Once in royal David’s city’ : liet 498
ds Ulbe Tjallingii
Tsjerketsjiensten
Twadde Krystdei Tema: ‘Hoeders fertel!’ Wêr: De Molewjuk Oanfang: 9:30 oere ynrin (mei kofje en tee) // 9:45 oere begjint de tsjinst
Ek dit jier moetsje wy elkoar Twadde Krystdei wer yn de Molewjuk. Dizze moarn stean de hoeders sintraal. Sy fertelle op harren eigen wize wat it Krystferhaal foar harren betsjut en se nimme ús mei nei de kribbe yn Bethlehem. It wurdt wer een waarme en tagonklike fiering foar jong en âld. Fansels is der foar elk wer wat lekkers en kinne jim genietsje fan in beker waarme poeiermolke. Wês wolkom om it Krystfeest mei elkoar te fieren! Oan’t dan!
De earetsjinstkommisje
Kerkdiensten Omroep Zilt
De diensten worden om 09.30 uur uitgezonden. De diensten zijn opgenomen. Een mogelijke live-dienst en andere tijden worden vermeld. Aansluitend is het verzoekplatenprogramma Glorieklanken (10.30 tot 12.00 uur).
Zondag 7 dec. Ds. M. Roepers, Achlum/Hitzum
Zondag 14 dec. Dhr. Peter Kitsz, Harlingen
Zondag 21 dec. Ds. Jeroen van Olffen, Oosterbierum/e.o.
Woensdag 24 dec. 20.30 uur Kerstnacht, Ds. Jeroen van Olffen
Donderdag 25 dec. 1e Kerstdag, Ds. Arend de Braak, Franeker
Zondag 28 dec. Ds. Klaas van Marrum, Spannum/Edens
Woensdag 31 dec. Oudjaar 19.30 uur, Evangelist Dick Wolbers, Franeker