De plysje hat tiisdeitejûn yn Marsum in grutte ferkearskontrôle hâlden. Strjitten waarden ôfsletten en automobilisten binne kontroleare. It gie om in aksje om mobyl banditisme, lykas ynbrekkers, op te spoaren.
Wat de resultaten fan de aksje binne, is net bekend. Fanwege de aksjes foar in bettere cao, is der tiisdei gjin parsekommunikaasje.