Laatste update zondag, 11 oktober 2026
zondag, 11 oktober 2026 Actueel
Donderdag 8 oktober was de laatste werkdag van Jan Kuppens als tuinbaas van het Poptaslot. Jan is 41 jaar geleden in dienst gekomen.
Tijd voor een gesprekje.

Jan werd aangenomen door de voogden B. Buma, Addens en Jhr. Witsen-Elias. Hij werd uitgekozen uit maar liefst 180 sollicitanten.
“Wêrom, wit ik eigenliks nèt. Ik tink omdat myn brede oplieding goed oanslùte bij it ferskate wurk yn de tùnen. Ik ha 7 jier tùnbouwskoalle, 4 jier legere en 3 jier middelbare tùnbouwskoalle, dus alle rjochtingen yn ùs fak.
Ik krige de earste wurkdei daliks frei. It wie MarsumerMerke en doe waar der yn Marsum op dy dei net wurke, in moai begjin”.
Ik wist neat fan it Poptaslot
Jan had daarvoor 5 jaar gewerkt in Lelystad, bij een tuincentrum/hoveniersbedrijf. Zijn latere vrouw Tryntsje leerde hij daar kennen toen ze als stagiaire daar kwam te werken. Als ze Jan vroeger gevraagd hadden of hij naar Friesland zou gaan werken, had hij diegene voor gek verklaard. Als rasechte Brabander dacht hij daar echt niet aan. Maar toen hij in Lelystad kwam te werken, was de afstand mentaal en fysiek een stuk kleiner. En Tryntsje kwam uit Friesland. “Myn skoanheit seach de advertinsje yn ’t landbouwbléd. Ik wist neat fan it Poptaslot. Ik ha doe solliciteert en krige de baan ek noch.


In dream kaam ut
Ik wie hielendal bliid dermei doe ik de bedriuwswenning seach. Ik tocht oan in lyts hûs, mar doe krigen we de buorkerij lyts Dotinga. It wie as kaam d’r in dream ùt. Wat prachtich. Ik wurke de earste 21 jier mei tùnbaas Cor Hooiveld en nei 7 jier kaam Piebe derby dy’t Klaas Teakema opfolge. Cor liet ùs frei yn ùs wyze fan wurkjen. Der mochten Piebe en ik beide graach oer”.
Nieuwe tuinbaas zal Jan missen
De nieuwe tuinbaas is Piebe van der Hoek. Samen met Michiel Ruis en Freek Jacquet zal hij de tuinen van het slot onderhouden. Michiel werkt 7 jaar bij het slot en Freek sinds afgelopen maart. Piebe zegt Jan wel te gaan missen na 35 jaar. “Jan is slagvaardig, een doorpakker en heeft me geleerd om engelengeduld te hebben. Ook het praatje bij de koffie wordt een gemis. Je werkt al zo lang samen, we hebben nooit ruzie gehad, je hebt in al die jaren veel lief en leed gedeeld, je hebt samen veel meegemaakt, misschien wel meer als met mijn vrouw, lacht Piebe. Oh ja en wat ik ook van Jan heb geleerd zijn de handgebaren. In de begintijd hadden we geen mobiele telefoon. Jan vroeg dan met handgebaren of ik gereedschap mee wilde nemen. Als hij een hamer bedoelde riep ik terug: een zaag? Tot ergernis van Jan, maar ik had het natuurlijk wel in de gaten. Een geintje hoort erbij”.

Hoogtepunten
Als Jan gevraagd wordt naar zijn hoogtepunten in zijn werkzame carrière is het een tijdje stil. “Dat kin ik moeilijk sizze. Ik wol graach alles yn oarder hawwe. Nét allinich de foartùn, mar ek de oare tùnen en de griententùn. Alles hearde derby, ek de reparaasjeklusjes en de kar foar it perkguod. At dan yn it gastenboek stiet dat de tùnen der prachtig by leinen, dan wie ik wol grutst op ùs tùnploeg. Foarig jier stie yn’t gastenboek dat dy gast altyd nei Ingelan gie, foar it besykjen fan de kasteeltùnen, mar dat hy fûn dat de tùnen fan it poptaslot sich der goed mei mjitte koenen. Dan bin ik grutsk op ùs wurk”.
En wat ik ek prachtig fûn, wie it meitsjen fan blomstikken foar de dekoraasje fan de sealen en gongen yn it slot tydens allerhande feestjes en by it programma fan bv. kulturele haadstéd yn 2018.
Tussen Licht en Schaduw, hjitte dat leauw ik. Dat de blomstikken dan it theatrale optreden fersterke kinne. Prachtig at dat slagge. Minsken ferbaasden sich der oer dat wy dat as tùnlië ek koenen.
De meast complete
Ek moai is dat we 20 jier lid binne fan it Gilde fan tuinbazen wer landelik sa’n 110 tùnen by sitte. Wer wy ien fan de lytsten binnen, mar wol ien fan de meast complete. We hawwe eigen snijblommen, in grientetùn en in fruittùn, we kweken elts jier 6000 1-jierige perkplanten en 6000 winterfioelen. Ek wurken we mei oant it behâlden fan âlde fryske rassen dy’t we elk jier fermeerderen om se te behâlden. En komme minsken dy’t de oplieding ‘Hovenier historisch groen’ jouwe hjirhinne om de cursus gazons te jaan. Se komme hjir omdat se fine dat hjir it moaste gérs leit fan hiel Nederlân. Dat fyn ik dan moai, dan binne wy tefreden op ùs resultaat.
Tryntsje en ik wenje no yn Menaam. Mar de buorkerij oan de Hegedyk yn Marsum wie ùs bysûnder plakje. Der ha we ùs trije jongens Lieuwe, Pyter Anne en Yke Jelmer grutbrocht.
Myn ynset foar de Krobbe der ùt en it beheer fan it Tsjerkhof rint gewoan troch. Dat stjit los fan it wurk op it slot.
Frysk is no myn gefoelstaal
Al mei al bin ik foar in Brabander, hjir aerdig integreare neffens my. Myn gefoelstaal is no it Frysk. Ik ha blykber wol in talenknobbel. Ik kaam yn juni op solicitaasjegesprek en yn septimber yn Fryslan te wénjen en koe ik my gau goed rêde mei it Frysk. Ik wit noch goed dat ik yn de begjintyd yn de winkel kaam fan Bertus en Margriet oan de Bitgumerdyk om blommen te bestelle. Bertus frege oan in oare Marsumer: Wa is dat? Hy doelde op my. Is dat de nije tùnman fan it slot? Dat kin nét. Dat is in Hollander. At dat de nije tùnman is dan mei ik wol op fryske les, fersuchte Bertus��
Efkes slikke
Einliks fûn ik it in gewoane wurkdei fanenmoarn, mar doe ik by de poarte kaam en seach dat se in grut spandoek foar my makke hienen, doe moast ik wol efkes slikke. Dat rekket dy dan wol. Do wist dat ik kommen giet, mar dochs. Mar it sil aenst wol frjemd oanfiele. It fielt dochs in bytsje as in amputaasje. Do hast der 41 jier dyn hért ynlein en der bliuwt no in stikje fan efter. At ik werom sjoch, kin ik sizze dat ik in prachtbaan hân ha op in hiel bysondere lokaasje. Foaral de frijheid yn myn wyze fan wurkjen ha ik hiel bot wurdearre.
Bytsje eigenwys?
Soms neamme minsken my wolris eigenwys. Ik kin my foarstelle dat it sa oerkomt, mar ik tink net dat ik dat bin. Ik lùsterje wol nei in oar. Mar de argumenten moatte de trochslag jaan en at ik dan noch fyn dat ik gelyk ha, dan sil ik deroan fésthâlde. Dat ha ik ek dien doet de fiscus oerdrachtsbelésting ha woe fan de Krobbe der ut. Ik fûn dat onrjuchtfeardig en ha de poat stiif hâlden mei de oare bestjoersleden fansels. En we hawwe dat ùteinliks wûn. Prachtich. Dan mar in bytsje eigenwys” 😊
Tekst en foto’s: Geert Verf
09-10-2026 Prikbord
08-10-2026 Prikbord
08-10-2026 Prikbord
09-09-2026 Kerknieuws
01-08-2026 Kerknieuws
16-06-2026 Kerknieuws, Prikbord