Sa’t jim allegear fêst wol heart hawwe, wie ús âldjiersstunt fan 2015 in grut sukses. We binne mei ús nûmer “Marsum Ahoy” op NR 3 einige yn’e Fryske Top 100 !!
We wolle dêrom eltsenien dy’t op ús stimt hat, in hiel soad betanke!! Sûnder jim stipe wie it net slagge!!!
Marsum is wer even op’e kaart setten en we ha wer moai wat reclame foar ús doarp kriegen. Super!
Ek it Nijjiersfeest yn’t doarpshûs wie wer tige slagge. It wie in geselliche nacht mei ús eigen Allard as dj en in live optreden fan Piter Wilkens. Ek jim tige betanke! En, der is altyd plak foar mear minsken, dus foar takom jier: jim binne allegear wolkom!
Wat dit jier spitich genoch wat minder wie, wiene de jeften dy’t we út it doarp kriegen ha foar it fjoerwurk. We ha die stipe echt nedich! Sunder dizze jeftes kinne wij net elts jier sa’n moaie, mienskiplike fjoerwurkshow organisearje. We hoopje dan ek dat we dit jier wer wat mear krije meie. It hoeche echt gjin grutte bedragen te wêzen, at eltsenien in lyts bedrachje docht, dan komme we in hiel ein!
Dan kinne we ek takom jier wer gesellich mei syn allen nei it fjoerwurk sjen!
Ta beslút wolle wij jim hjir alfêst fertelle dat
RADIO MAP foar dit jier wer op’e planning
stiet. Mar dêr oer letter mear.