De kollekte fan de WOM hat yn de hiele gemeente € 5233,75 opbrocht.
De leden fan de WOM binne tefreden oer de opbringst. Hja betankje elts dy ’t finânsjeel stipe hat en ek de hast hûndert gemeentegenoaten dy’t meiwurken as kollektant of op oare wize, bygelyks yn de organisaasje.
Nijs oer de WOM is te finen op www.menameradiel.nl ûnder ‘wom’ of te krijen troch te skiljen 058 2541542
Op woansdei 1 juny fan 14 oant 21 oere freget de WOM mear omtinken foar it Fair Trade ideaal middels it ferkeapjen fan produkten fan Wereldwinkel Het Bildt op ‘e Rypster Merkemarkt yn de tinte op it keatsfjild.