Dat Marsum muzikaal talint hat, mei bekind wêze. Mar wat minder minsken witte, is dat ien fan de bekindste Fryske trûbadoers, Doede Veeman, ek fan Marsum komt! Yn ús rubryk ‘Marsumers om Utens’ fertelt Doede oer syn jeugd yn Marsum en hoe’t it no mei him is. Jo fine syn ferhaal ûnder it kopke ‘Interviews’ boppe-oan dizze side.
En witte jo ek in âld-Marsumer dy’t syn of har ferhaal wolris dwaan wol? Tip ús! Dat kin fansels fia it kontaktformulier of sjit ien fan de redaksjeleden oan.