Foar in nije reklamespot fan de Afûk en de provinsje Fryslân hat De Pôlle freed tsjinne as opnamelokaasje. Mei de spotsjes dy’t makke wurde wol de Afûk nije Fryske apps en wurdspultsjes promoate. Moarns wiene der opnames yn groep 7/8, wêrby’t de bern figurearden. In akrise spile de juf dy’t de learlingen wiist op wat se allegearre dwaan kinne mei de apps. Middeis waard der noch in scene op it skoalplein opnaam. De spotsjes binne fan ein april ôf op Omrop Fryslân televyzje te sjen.