De ein fan it jier komt wer tichterby. Tiid dus foar de Aldjiersploech om wer yn aksje te kommen! We binne al in pear wiken drok mei us tariedingen om wer in moai Ald & Nij te organisearjen.
Natuurlijk wer mei in spectaculaire fjoerwurkshow, mar dit jier ek mei in nije opset, want we wolle it dit jier graach mei syn allen útsitte. Dus:
“Kom der ris ut, dan sitte we it mei syn allen út!”
It doarpshûs is Aldjiersjûn fanôf 20.30 iepen en dan is eltsenien fan 0 tot 100 wolkom.
We freegje in entree fan € 10 en dan meie jim die hiele jûn (tot 00.00 oere) fergees ite en drinke. De hapkes en drankjes stean dan foar jim klear. It wurd super gesellich!
We telle mei syn allen ôf en dan kin jim fanôf 0.30 foaroan stean bij de spectaculaire fjoerwurkshow.
Om deze fjoerwurkshow mogelyk te meitsjen, ha we noch wol altyd de stipe fanút it doarp nedich. We ha fierder gjin ynkomsten, dus oars rêde we it financieel net op.
We wolle eltsenien dus freegje om in lytse financiële bijdrage, sadat we dit jier, mar ek takom jier wer in moaie show foar jim regelje kinne.
Giften binne wolkom op rekkeningnummer NL42 RABO 0371 553 725.
We sjoche jim graach op 31 desimber bij it Doarpshûs!!