Tsjerkepaad Bitgum, Bitgummole, Ingelum en Marsum 2023
De fjouwer tsjerken fan ús regio binne der wer klear foar. We hawwe wer mei ús pleatslike kommisje de tariedings makke om mei de provinsjale kommisje Tsjerkepaad dizze simmer de tsjerken wer 9 sneonen fan 13.30 oan’t 17.00 oere iepen te hawwen en wol op:
By de ôftraap, sneon 1 july, sil ús dûmny Ulbe Tsjallingii al ús 4 tsjerken besykje en in oargelkonsert jaan fan sa’n 15 minuten.
Te begjinnen, 14.00 oere te Marsum,
15.00 oere te Ingelum,
16.00 oere te Bitgummole en
17.00 oere te Bitgum.
Bitgum stiet dizze sneonen yn it teken fan ymmaterieel erfgoed, benammen begraffenisgewoanten eartiids. Der sil in útstalling oan wijd wurde, fierders is de grêfkelder iepen en biedt de tsjerke wer alle gastfrijens.
Ingelum: hjir binne fan 9 july ôf quilts te sjen. (De earste sneon dus net.) In tal froulju fan hobbyshop ”Fûgeltsje” fan Boalsert hawwe besocht der in moai gehiel fan te meitsjen. Ek sil der op guon sneonen in quilt(s)ter oanwêzich wêze om syn of har quiltkeunsten sjen te litten en te fertellen oer harren moaie hobby. En dan is der fansels wer gewoan de tsjerke en de meiwurkers foar tekst en útlis oer gebou, ynterieur en hôf.
Marsum: wa’t ek mar in kromke gefoel hat foar de rykdom fan religieus erfguod en dit noch yn al syn pracht en praal sjen wol kin hjir syn hert ophelje. Alles wat hjir yn dizze tsjerke noch ekstra tafoege wurde soe, soe ôfbreuk dwaan oan dit prachtige ynterieur .
Bitgummole: noch foar in part yn de steigers omdat herstelwurksumheden noch oan ’e gong binne, mar dat nimt net wei dat yn de tsjerke wer alles yn kalk en semint is. De meiwurkers binne wer optimaal posityf, en de ferhalen oer no en eartiids sille ek hjir wer rûngean.
En foar it krijen fan in drûge mûle fan al dy ferhalen, binne der wer de B.M.-er pipermuntsjes. Gastfrij, en fansels tidens de iependagen yn alle tsjerken oargelmuzyk.
Ut namme fan de Tsjerkepaad kommisje Bitgum, Ingelum Marsum en Bitgummole.