Aldersielen, snein 2 novimber, is de kristlike dei dat men bidt foar de sielen fan ferstoarne minsken, de grêven fan leafsten besiket, skjinmakket en fersiert mei blommen en ljochtsjes, en tankber weromsjocht op de moaie oantinkens dy’t efterbleaune. It is in kristlike betinkingsdei, oarspronklik út de 10e iuw, dêr’t gebeden útsprutsen wurde foar alle ferstoarnen. It is in dei om de oantinkens oan ferstoarne minsken libben te hâlden en har sielen te earjen.
Hoe wurdt it fierd yn ús doarpen?
De tsjerken yn Bitgum, Bitgummole, Ingelum en Marssum binne snein 2 novimber iepen fan 19.00-20.00 oere foar elts dy ‘t in dierbere betinke wol. De klokken liede om 18.50 oere. Der binne gastfroulju foar de ûntfangst. Jo hawwe de gelegenheid om kearsen/waxineljochtsjes, grêfljochten oan te stekken. Der is ek gelegenheid om in bakje tee of kofje te drinken.