“Wat een prachtige Aldjiersoertinking”. Dat hoorden we van verschillende kanten. Ook van gasten van buiten Marsum. Extra leuk omdat het ook voor ons als organisatie (na 15 oertinkingen) de laatste keer was. Als de kerk dan zo bomvol zit, dan weet je dat het gewaardeerd wordt. Het dankwoord en de bos bloemen van Dorpsbelang benadrukte dat nog eens. We hopen dat er opvolgers opstaan.
Jakoba Helbig sprak het slotwoord. Het gaf een mooi overzicht van de avond. Hieronder de (iets ingekorte) tekst:
“Bêste minsken, De jûn is wer foarby flein, der wie wer it nedige bard ôfrûne jier, dêr stean je elts jier wer fersteld fan, hielendal as alles yn koarte tiid foarby flitst. Ús oertinker, de blakende Jasmijn sizze wy dank foar har ferhaal. Gré bedankt foar it foardragen fan dyn sels skreaune gedicht; it wie prachtich ! Dank foar de Feiers, fijn dat jimme der wer wiene; straks troch nei it doarpshûs, de jûn is noch lang foar jim. In soad muzikale wille tawinske. Minsken dy’t ús helpe dizze jûn mooglik te meitsjen steane achter op it programmabledsje (zie bijlage), as jo no opbouwer, ponkjerinner, filmer of fotograaf binne, we binne bliid mei elkenien. Mar 4 nammen wol ik der efkes útpikke, sy hiene al die jierren eins wol in hiel wichtige rol yn it gehiel. – Jan Venema: de man fan de ynskripsje op it boerd; – Klazina vd Valk: de frou fan de oarkonde; – Hans Wassenaar: de man fan de strontbiezem; – Anne Osinga: de man fan it oargel. Tige tank foar jim ynset! Wy wolle ek efkes stilstean by it gemis fan Jan Sijbesma, ús koster. Jan wie in koster yn ieren en sinen. Nea hawwe wy foar in tichte tsjerkedoar stien. Jan wie: in man in man, in wurd in wurd! Ús dank foar al die jierren ree wêzen is grut én bliuwt grut. It twadde boerd fan de Marsumer fan it jier is no fol, it momint -neffens ús- om it stokje oer te dragen oan fris, fruitich nij bloed. Allinne hat him dat noch net manmachtich oanstjinne. Kom op Marsumers, nim kontakt mei ien fan ús op. Miskien mei in nije ynfulling, hoe moai soe dat wêze? Oars, beste minsken, wie dit de lêste oertinking, en dat wol je dochs net oan? Wy wolle seker behelpsum wêze, hear. Us dank is grut nei jimme as publyk ta: it kommen elts jier, it de muoite wurdich fine om mei elkoar as mienskip werom te sjen, efkes stil te stean foardat it nije jier mei al syn rappens wer begjint. Dêr hawwe wy it foar dien! Wý fûnen it séker de muoite wurdich! Myn dank giet út nei Geert, Elly en Wouter. Wy wiene in pracht team. Ik fûn it mei jimme méar as de muoite wurdich!! Wy winskje jim in lokkich, frede-en leafdefol 2025 ta. En wol thús!”
De Kommisje Aldjiersoertinking
Bijgevoegd ook nog het programma van de avond. Zie bericht d.d. 01-01-25 op deze website voor verslag en foto’s van de bekendmaking “Marsumer fan it Jier”.