Op snein 21 oktober fersoarge de Oldehovekapel út Ljouwert har neijierskonsert yn it multifunksjonele sintrum Nij Franjum yn Marsum. Dizze kapel bestiet al 25 jier en wit mei har romantyske walsen en fleurige polka’s de sfear der altiid goed yn te krijen.
De seal siet gesellich fol mei ferskate Marsumers dy’t in hiele noflike middei hiene. It wie fansels ien en al romantyk, mar ek de grapkes en mopkes fan ús Kapelmeester Sjaak en ús presintatrise Annelies foelen der goed yn!
De musikanten en de Kapelmeester fan de Oldehovekapel betankje alle oanwêzigen foar dizze prachtige middei. Wa’t de kapel no mist hat, krijt dit jier noch 1 kâns: op snein 23 desimber spilet de Oldehovekapel har tradisjonele Krystkonsert yn Ons Huis yn St Anneparochie. Fansels komt de Oldehovekapel ek graach nochris werom yn it prachtige multifunksjonele sintrum yn Marsum!