By in ûngelok op de krúsing fan de Rypsterdyk en de Skoallestrjiite yn Marsum is om sawat 8 oere in streekbus fan Arriva tsjin in hûs riden. By it ûngelok is ien passazjyr lichtferwûne rekke. It giet om lijn 97 dy’t ûnderweis wie nei it stasjon yn Ljouwert. Der sieten sa’n 30 passazjyrs yn de bus. De skea oan it hûs en de bus liket ta te fallen. Wol binne de rúten fan de bus fernield. Der komt in ferfangende bus. De oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend.
Bron: Omrop Fryslan