Laatste update woensdag, 16 april 2025
zaterdag, 31 december 2016 Actueel
In een volle kerk in Marsum werd Coby van Wieren tot Marsumer van het jaar 2016 uitgeroepen.
Ze kreeg de vergulde bezem en de oorkonde vanwege haar jarenlange inzet voor o.a. de Volleybalvereniging SSS, kaatsvereniging Foarût, buurtvereniging, dorpshuis Nij Franjum.
Blijkens het vele applaus werd het haar van harte gegund door de bezoekers.
Onder de foto’s het verhaal gehouden door Geert Verf van de Aldjierscommisje.
Achte oanwêzigen, bêste minsken,
It is wer safier. Wy binne takaam oan de Marsumer fan it jier 2016!
In bettere ôfsluting fan dizze jûn en fan dit jier kinne wy ús net yntinke.
Elts jier binne der wer ynwenners dy’t harren op ien of oare wize ynset hawwe foar ús doarp. Soms komt it yn de publisiteit, mar faaks net. Dan wurdt der hiel wat tiid yn frijwilligerswurk stutsen, sûnder dat it echt opfalt. Mar foar de leefberens fan ús doarp o sa wichtich.
It ôfrûne jier binne der wer moaie dingen bart yn ús doarp. Troch de Haak binne we oan it iepen wetter kaam, de slûs is iepene, we hawwe it lûd fan de JSF heare kinnen, der is sûnt jierren wer in hûs bybouwd en it lûds-“meetnet” sil der komme. Mar o sa wichtich is ek de minselike kant. De froulju fan it keatsen binne Nederlâns kampioen wurden, it jeugdtoniel bestjit wer, jeugdclub Oars is tige aktyf, OBS de Pôlle skoart sels ynternasjonaal mei har slagge trijetalich programma, de bern kinne wer boartsje yn de fernijde boartserstún, we binne sunt jierren weris groeid yn it ynwennersoantal en we meie sa’n aktive Aldjiersploech koesterje. Allegear ûnmisber foar ús doarp.
Mar we hawwe as doarp ek it kommend jier nog hiel wat útdagings. De fuotbalklup hat ús stipe nedich om jild op it kleed te krijen foar de needsakelike renovaasje fan de klaaikeamers en kantine. En wat bart der mei it bakkerswinkeltsje at Klaske per 1 maart dermei ophâldt? En sil it slagje om noch lisplakken foar boaten te krijen oan de Bokmasingel? En sil it de âlderein slagje om it nijs fan de website te berikken, no’t de doarpskrante der net mear is? En sil de MEK har ambisjeuze enerzjyprojekt útfiere kinne?
En sa sil der nog mear op it paad fan ús doarp komme. Fragen wêr we allinich as mienskip op antwurdzje kinne. It kin allinich slagje as der minsken binne dy’t har foar de leefearens ynsette wolle. En dy minsken binne der yn ús doarp. Ien dêrfan wurdt jûn de Marsumer fan it jier.
Ek dit jier krigen we wer suggestjes oer de nije Marsumer fan it jier.
Jûn, al wer foar de 24e kear. De nammen fan de eardere Marsumers fan it jier steane op de houten boerden op de kânsel.
Yn 1993 waard Maaike Smits de earste Marsumer fan it jier. Dernei folgden: Margriet Boersma, Sietze van Wieren, Bertus en Tine Steenaart, Jan en Klaaske Venema, Marie Hellinga, Gerrit Julianus, Tjeerd Dijkstra, Hans Nauta, Ali Castelein, Gosse Muller, Mels Bresser, Jan Posseth, Folkert Beimers, Geert Verf Geertje Keegstra, Jancko Hiemstra, Jetske Herrema, Henk Vellinga, Arend Castelein, Jan Kuppens, Jan Tuinman, en foarig jier Jan en Gryt Sijbesma.
It earste boerd is fol, it twadde boerd sil ek fol komme.
De namme wurd der wer ynbeitele troch Jan Venema Dêrnei hingje de boerden it hiele jier troch yn ús doarpshûs. De ûnderskieding bestiet út in fergulde biezem en in proklamaasje. Der wie dizze kear ek wer ien dy’t der út sprong. En wa’t dat is, dat hearre jim no.
Ik wol no jim absolute oandacht freegje foar Jakoba Helbig.
Ja Coby, da’s in hiele skrik, mar kom dochs mar efkes nei foaren. Wy witte datst der in grutte hekel oan hast om yn de skynwerpers te stean. Do bist mear ien foar op de eftergrûn. En set dy mar skrap want do bist hjir net fuortendaliks wei. En wurdt it dy al te dreech, dan kinst dy ferstopje efter de blommen.
Hast 39 jier lyn kaamst yn Marsum te wenjen. Tegearre mei Wiep op de Tialling fan Eysingawei.
Do wiest in entûsjast volleybalster. De doarpenkompetysje fûnst moaier dan dy fan de Nevobo. Want dêr siet in pauze yn, en dan koest mooi efkes byprate. Dyn ferantwurdlikheidsgefoel brocht dy ein jierren 80 yn it jeugdbestjoer en in pear jier letter yn it besjoer fan de Volleybalferiening SSS. En do bist rom 10 jier lang coach west fan ferskate jeugdteams. Dat betsjutte eltse sneon op in paad. Nea kleie deroer, mar it eltse kear wer mei plesier dwaan. En by eltse rotonde in rûntsje extra. Leuk foar de bern. We hawwe heard datst no noch steeds by eltse rotonde ropst “Rondje, rondje!”.
Doe’t de volleybalferienings van Marsum, Dronryp en Menaam yn 97 fusearden ta DSVS, fertjsinwurdigste Marsum. Do hast doe noch 10 jier yn’t bestjoer sitten. En do wiedest coach fan noch mear jeugdteams en do holpst mei de volleybalkampen op Schatzenburg te organsisearjen.
Mar hoe aktyf asto ek wiedest foar de volleybalklup, der is noch in oare sport.
It keatsen fansels! As troud bist mei ien fan de Van Wierens, dan komt dat ek moai út. Do kaamst rom 12 jier lien in’t bestjoer. Do waardst sekretaris. Miskien wol de drokste funksje. Bij Foarut jildt dat hielendal. It bestjoer van Foarút is al jierrenlang ûnderbeset. Do pakst der ek dêrom gauris wat ekstra’s by. Net allinich bestjoerssekretaris, mar ek wedstrydsekretaris. En ek bist mei ferantwurdlik foar de organisaasje fan de Marsumer Merke. Allinich dat lêste al, is foar ús doarp tige wichtich. Wat soe ús doarp wêze at der gjin merke mear wêze soe? It liket al jierren sa fanselssprekkend, mar, dat is it net.
Njonken dat ûnderhâldst ek de webside fan de feriening. En minsken, sjoch dêr foar de aardichheid ris op. Dan sjogge jim dat dy webside hiel goed byhâlden wurdt.
Al seker 15 jier waskest de klupshirts van Foarút. En ek de keatslinen. We hawwe ús fertelle litten dat dy by jim yn it bad geane. (Moai gesicht sil dat west hawwe; nei it keatsen de linen te wekjen mei Wiepie der tuskenyn???).
En as de Marsumer famkes Nederlâns kampioen wurde, dan gunst it harren ek dat der deselde jûn noch in rûnrit troch it doarp komt. It geluksgefoel fan dy trije moat noch efkes trochgean, fynst dan. En letter komt der ek troch dyn inisjatyf een offisjele huldiging. Ek bist kommisjelid fan de gemeentelijke keatsfederaasje.
Dyn ynset foar de keatsferiening is grut, hiel grut. Us tipjouwers seiden it treffend: Coby, dy is al in lange tiid de motor fan de feriening.
Dochs hie it net in soad skeeld of hiest hjir net iens stien. Want do hast al ferskate ûngemakken hân. Mei Oepie, Wiep en dyn freondinne Wietske op de fyts nei it keatsen ta in Inglum, Bitgum en Dronryp. De hinnereis gong noch wol, mar de weromreis, dêr diest folle langer oer. Wiepie en Wietske fytsten foarop. Se wiene al in skoft yn Marsum. Wêr bliuwe Oepie en Coby dochs? Wat die bliken? Coby hie in tuskenstop makke, in ûnbedoelde tuskenstop. Se wie mei fyts en al, sa yn in droege stikelsleat riden. Oepie hat in soad wurk hawn om dy der wer út te krijen. En do hast nog daagen lang lest hant.
No we dochs efkses dwaande binne mei de anekdotes. We hawwe ek heard datst graach mei Wietske deropút giest. Moai in jûn út, as froulju ûndermekoar. En dan efkes in slach troch de besikers, foaral de manlike. Do seist dan: “Efkes sjen oft we noch goed yn’e markt lizze”.
No Coby, dat sit fêst wol goed.
Want litte we earlik wêze, foaral dyn lippestift sit bysûnder goed. Altiten foar datst it hûs útgiest: “even lippen”. Neffens Wietske fretst de lippestip hast op. It is sels sa dat dyn bernsbern, foardat se nei skoalle geane, de kleurpotleaden pakke en sizze: “even lippen”. Krekt sa as beppe.
No werom nei it ferheal
Mar Coby, neist de volleybalklup en keatsklup, hoe ferstjinstlik ek, hast noch mear dien foar ús doarp. Mei Simmer 2000 hast mei Wietske it inisjatyf naam om in grut quilt kleed te meitsjen. Lotten ferkeapje en de opbringst gong nei de aksje “de Krobbe derút”. It winnende lot wie fan ien út Frentsjer. Spitich, want it kleed stie prachtig yn de tsjerke. Nei de tiid wie it suver keal. Dêrom noch mar ien meitsje mei in ploechje froulje en dy hinget hjir no definityf.
Mar der is mear. Do hast 4 jier yn de kursuskommisje sitten fan de Plattelânsfroulju. En do bist al mear as tsjien jier frijwilliger fan it doarpshûs. Do dochst it fol fjoer. En do bist fan de check en dubbelcheck. Do fielst dy bot ferantwurdlik. Ek ast privé grutte tsjinslagen krijst troch stjêrgefallen yn dyn famylje. Dan noch giest troch, dan noch draaist dyn bar-tsjinst, want oars moatst dêr in oar mei opsadelje. En ien moat it dochs dwaan.
Dyn ferantwurdlikheidsgefoel is dyn kwaliteit, en soms ek dyn falkûle. Soms siferst dy dan sels tefolle fuort.
Ek hast sa’n 20 jier yn it bestjoer fan de buurtferiening sitten. Foarich jier bist dermei ophâlden. Do wiest ponghalder en foarsitter. Dat lêste is net dyn hobby. Do wolst in soad dwaaan, mar hast der in hekel oan om foar groepen te praten. Der kinst ferskrikkelik tsjin op sjen. En dochs kinst ek goed in gangmakker yn de groep wêze. Miskien moatte we dy folgjend jier mar freegje om de oertinking te hâlden, dan kinst der yn ien kear mei ôfrekkenje.
Coby,
De minsken dy’t ús ynformaasje jûn hawwe, neamden los fan elkoar itselde:
Tige belutsen, in terjochte kandidaat, in frou mei in soad entûsjasme, in goeie regelaar, posityf, gangmakker, beskieden, ferantwurdlikheidsgefoel, in trochsetter, de mienskip stiet foarop sels at it persoanlik einliks net past, kinst altiten in berop op har dwaan en se sil net gau nee sizze.
Alles byelkoar Coby, soarget derfoar dast dit jier mei rjocht en reden de ienige Marsumer fan it jier 2016 bist!
Lokwinske.
13-04-2025 Prikbord
13-04-2025 Prikbord
11-04-2025 Actueel, Dorpsbelang
11-03-2025 Actueel, Dorpsbelang
04-02-2025 Dorpsbelang, Prikbord
11-04-2025 Kerknieuws
15-03-2025 Kerknieuws
30-01-2025 Kerknieuws