De Pinkstertsjinst op it foarplein fan it Poptaslot luts sneinemoarn 19 maaie inkele hûnderten besikers út Marsum en omlizzende doarpen. Ek ferskate gasten fan fierder fierden de tsjinst mei.
De kommisje ZWO (Zending, Werelddiaconaat en Ontwikkelingssamenwerking) hie de byienkomst tared, yn gearwurking mei dûmny Kamerling fan Frjentsjer. Troch sykte koe hy der net by wêze, mar waard hy ferfongen troch dûmny Van der Ploeg fan Snits. Nei it kofjedrinken folge in fleurige tsjinst, begelaad troch de moaie klanken fan brassband Looft den Heer fan Bitgummole. De oanwêzige bern koene harren útlibje oan de knutseltafel. Se makken in moaie lantearn, dêr’t se letter yn optocht it Pinksterfjoer mei sjen lieten. De blommen en dêrmei de hertlike groetnis fan de gemeente giene nei frou Hinke Visser en frou Geertje Keegstra. Mei troch it droege en rêstige waar in prachtige tsjinst.