Seis jier nei it opheffen fan de Top 40-band, komt Lays noch ien kear werom. De feestband ûnder lieding fan sjonger Rintje Kas sil yn septimber optrede op de Marsumer Merke yn Marsum. Lays hold der yn 2009 nei 17 jier en tûzenen optredens yn benammen feesttinten mei op. Neffens de bandleden “hie it moai west”. Rintje Kas is dêrnei trochgien as trûbadoer.