De bern fan De Pôlle koene tongersdei genietsje fan in hearlik Peaske-moarnsbrochje op skoalle mei in Frysk tintsje. Op’e feestlik mei Fryske placemats dutsen tafels stiene neist broadsjes, aaien en lekker drinken, ek brea en sûkerbôle. De moaie blomstikjes wiene woansdei troch de bern makke mei help fan de Floralia-kommisje. De bern út de heechste groepen hellen de lytsten út de klasse, en sa gie it hân-yn-hân nei it Underwiisplein.
Dêrnei wie it tiid foar de tradisjonele aai-tikwedstriid. Yn de klassen wiene de foarrondes al útfjochte, de grutte finale wie op it Underwiisplein. De einstriid gie tusken Joella Flapper fan groep 7 en Annemarijn út groep 2. Annemarijn sleepte úteinlik de wikselbeker yn’e wacht, dy’t se in jier lang thús hâlde mei.