Doe ik krekt in e- bike hie, wie dat fansels wat nijs. Wat wie fytsen moai. It kostet no net iens sa folle krêft om de trapers rûn te krijen. Op in moaie dei fytste ik even. Ik wit no net iens mear wat ik doe fan doel wie.Om boadskip? Of sa mar in eintsje? Mar dy dei heucht mij noch. Yn ‘e berm fan de dyk stiene hiele moaie bûterblommen, piipkrûd en al soks mear.Prachtich. Ik ryd in frou foarby dy’t oan ‘e kant stie en wat tsjin my rôp. Ik ferstie har net goed, stoppe en draaide om. Se stie mei de elektryske fyts yn ‘e hân. Yn har fytstas in moai bosk blommen út de berm, sa te sjen. Ik skatte har wat jonger yn as mysels, mar wit út ûnderfining dat leeftiid skatten der soms raar bij troch giet. “Myn fyts docht it net mear”sei se. “Kinne jo der even nei sjen?”. No, sjen kin altyd, mar technyk en myn doel der oer is net in goeie kombinaasje. Dat wit ik ek út ûnderfining. Wat dat oanbelanget ha ik twa linkerhannen. “It klokje bliuwt op ‘nul’ stean as ik fyts en myn akku wurket net mear. Ik begryp der neat fan”. Fansels woe ik har wol helpe, ik wie net op wei nei in brân, dus tiid genôch. “Ik bin net sa technysk, mar miskien sit de akku der net goed yn. Sil ik dy der ris úthelje en der wer ynsette?” “Dat kin wol”, sei se, “mar hy die it sa krekt noch. Ik ha hjir blommen plôke en doe de fyts hjir delsetten. Dy is doe omfallen yn ‘e berm”. Dochs besocht ik it. Mar der feroare neat. Fytsmeitsjen is ek in fak. Ik gie alles nei , mar koe neat fine wat net doogde. Doe kaam mij wat yn ’t sin. Sels hie ik it ek ris hân doe ik mei faasje troch de fytstunnel bij Bitgummole gie. It roaster en it asfalt slute net goed oan en ik hobbele der oerhinne. Fuortendaliks hâlde de fyts der doe mei op. Ik bin wer, suver swittend mar wer nei hûs fytst. De papieren fan de fyts der by en fyn it dan mar út. Dat slagge mij net. Fijn lykwols, dat we wol in fytsmakker yn ‘e famylje ha. Dy seach it fuortendaliks . Yn it eftertsjil sit oan ien speak in skroefke.It skroefke makket ferbining mei de akku. En it kin troch skodzjen soms los reitsje fan ‘e speak, sakket nei ûnderen op ‘e felch. Dan is de ferbining mei de akku ferbrutsen. En ja, dat moast it euvel hjir ek wêze, want it skroefke wie yndied nei ûnderen glieden op de felch. Ik skatte dat it sa’n 4 sintimeter heech yn ‘e speak sitte moast. Dat kaam goed, want it ‘display’ wurke wer. Se betanke mij hertlik. “Jo ha moaie blommen foar thús yn de faas”murk ik op. Doe fertelde se dat se der mei nei it hôf soe, om’t it hjoed har troudei wie. Ik wie stil. Begriep dat har man net mear libbe. Se fertelde mar.Ik lústere.Meastentiids is ús kommunikaasje der op rjochte net om te lústerjen, mar om te antwurdzjen. Mar ik brocht doe it geduld op om wol te lústerjen.
Neidat se dan de blommen bij de stien setten hie, soe se dan nei in freondinne te kofje drinken.Dat wie eins yn dy tsien jierren it ritueel wurden. “Mar ik bin no al sa let troch dit ûngemakje. Ik hie har efkes belje sillen, mar ha fansels ek de telefoan wer net bij mij”. Dy hie ik wol. Se dûkele it 06 nûmer op út ’e tas. Se lei de freondinne it ferhaal út. “Wachtsje mar even mei kofje setten. It is hjoed in bytsje yn ‘e war”. Doe praten se ôf dat se dan earst mar te kofjedrinken soe. En dêrnei nei it hôf.”It komt no net mear op fiif minuten oan en it bliuwt hjoed drûch neffens de waarman”. Se fertelde ynienen samar oer it hoe en wat fan it ferstjerren har man, it gemis en har goede en minne dagen. Dat de bern en de mienskip harren bêst diene om it fertriet drage te kinnen. Mar dat it fansels ek swier en fertrietlik wie. Ynienen sei se:“Leauwe jo ek yn in Skepper dy’t alles wer nij makket”?. Ik knikte. Doe sei se dat se soms bidde woe, mar dan gjin wurden fine koe. Dan komme der allinne mar triennen. Ik bleau stil en hearde mysels doe sizzen: “ dat dy emoasje eins ek in gebed is”. Se wachte efkes , seach my oan en knikte. “Der ha ik noch nea by stil stean, mar dat is eins fansels ek wol sa”. Ik sei noch dat ik it der sa mar út goaid hie. Se betanke mij en joech oan dat har reis nei it hôf suver lichter wurden wie. Har opfleurjen joech mij ek in goed gefoel. Elk gie doe wer it eigen paad. We ha net ienris nammen útwiksele tocht ik letter noch. Wat kin soms in tafallige moeting in oar en josels ek wer hope jaan! Doe ‘t ik ûnder it fytsen der oer neitocht, wist ik eins wol dat er neffens de buienradar dy dei gjin rein falle soe. Mar dat it dochs miskien net drûch bliuwe soe op it hôf.