De tsjerke fan Bitgummole 100 jier en De Molewjuk 45 jier.
De earste stien fan de tsjerke oan de Van Aismawei 11 yn Bitgummole is lein op 25 septimber 1924 en de tsjerke is yn gebrûk nommen op 26 maart 1925. Dêrneist is de âlde skoalle 45 jier lyn, nei in yngripende ferbouwing, ús ferieningsgebou wurden. Yn de rin fan de jierren is de Molewjuk útgroeid ta in gebou dêr’t de hiele mienskip fan Bitgummole en omkriten gebrûk fan makket. Dit betsjut dat ús tsjerke oankommend jier, by libben en wolwêzen, dus 100 jier bestien hat, en de Molewjuk 45 jier. En dat wolle wy fansels net samar foarby gean litte!
Der is in jubileumkommisje gearstald en dy hat de earste stappen set om te kommen ta in feestlik jier. It doel is ûnder oaren om yn it wykein fan 15 en 16 maart 2025 in betinking te hâlden. Hoe ’t dat der út komt te sjen moatte wy noch útwurkje en dêr komme wy dan ek letter noch wol op werom. Mar it is wol ferstannich om dit wykein gjin oare ôfspraken te meitsjen en de betinking yn jimme bûsboekje te setten.
By sa’n organisaasje komt fan alles boppe driuwen en al gau blykt dat de jubileumkommisje dat net allinnich kin. Dêrom wolle wy in berop dwaan op alle minsken yn ús fjouwer doarpen om ús derby te helpen.
Ien fan de aktiviteiten dy ’t wy foar eagen hawwe is in eksposysje fan en oer ús tsjerke en fan de Molewjuk. Dêr hawwe wy fansels in protte materiaal foar nedich. Ús fersyk oan elk is dan ek om foto’s, filmkes en oar byldmateriaal dat jimme thús bewarje oan ús as jubileumkommisje ta te stjoeren. Mar ek (en miskien wol perfoarst) ferhalen fan wat jimme belibbe hawwe yn en mei de tsjerke, de Molewjuk, en de gemeente fan ús tsjerke mei ús te dielen. Wy tinke dêr by oan foto’s en ferhalen fan ferbouwingen en ûnderhâldswurk oan tsjerke en de Molewjuk, miskien sels fan de bou fan de tsjerke, mar ek oan reiskes mei bygelyks de jeugdferieningen, frouljusbûn, âldereinreiskes, optredens yn tsjerke, musicals, dopen en trouwerijen, en neam mar op. Der is hiel en hiel folle organisearre yn dy 100 jier (of 45 jier)!
It soe fijn wêze as jimme ien en oar digitaal trochjouwe (jim kin dan de orizjinele stikken sels thús hâlde) en foar ús is it makliker om te ferwurkjen. Ferjit net om fan de op foto’s foarkommende minsken efkes de nammen te neamen. As jimme jim stikken net digitaal oanrikke kinne, dan graach wol jimme namme op de slúf sette dan kinne wy de stikken werom jaan oan dejinge dy it ynstjoerd hat.
Foar wa ’t minder digitaal is mar wol foto’s en/of ferhalen hat. Wy wolle graach by jo del komme om de ferhalen te hearren en de foto’s te besjen. Tink net dat it wierskynlik net wichtich is, wy wolle sa’n breed mooglike tiidline del sette. As jimme sels neat yn de kast lizzen hawwe (of op souder), soenen jimme dan oan famylje en freonen freegje wolle oft sy noch materiaal foar ús hawwe.
Wy soenen it fijn fine as jimme ien en oar oan ús tastjoere foar 1 novimber 2024, mar fansels ‘wat earder wat better’, dan kinne wy fêst begjinne. Sûnder jimme help is sa’n aktiviteit net mooglik. Yn de kommende tiid binne wy fan plan mear te fertellen oer de festiviteiten om it jubileum hinne.
Jim kinne jimme stikken en ferhalen stjoere nei: Afke Vlasma, Liuwesingel 9 yn Bitgum (oane.afke@gmail.com) Pé Laverman, J. H. van Aismawei 86 yn Bitgummole (pe.laverman@gmail.com)