Alwer in dei yn de natuer foar groep 7/8. Dizze kear ha we nei it Noarderleech west.
Twa meiwurkers fan It Fryske Gea hawwe ús meinommen nei de kwelder en it slyk. We hawwe jonge fûgels sjoen, aaien socht, yn it slyk glide, kwelderkrûd iten en noch folle mear dien en sjoen. Ek dizze dei wie slagge! Dat is wol te sjen op de foto’s.