De pake en beppe fan Suzanne Schulting hiene noait tocht dat se in gouden medalje helje soe. “Se is noch mar 20 jier, en dan no al goud. Tredde, dat hie der miskien yn sitten. Mar goud, dat hiene we noait tocht!”
“Ik bin sa bliid as in protter,” sei Johannes Bouma (88) live op Omrop Fryslân Radio, fuortendaliks nei de gouden race fan Suzanne. Hy is de pake fan Suzanne Schulting. Ferslachjouwer Roelof de Vries wie by har pake en beppe yn Marsum om nei de Olympyske shorttrackwedstriden te sjen.
“Dat ik dit noch meimeitsje mei, mei beppe,” sei Bouma. “Wat wolle jo noch mear?”
Heit Jan Schulting is ek út de skroeven. “Dit had ik niet gedacht. Maar wel gehoopt. Het kost mij wel veel energie hoor.” Schulting wie tiisdei al tige emosjoneel by de ûnferwachte brûnzen medalje by de ôflossing.
“Al waren die Zuid-Koreänen niet gevallen, dan had ik nog moeten zien of ze erbij waren gekomen,” seit Jan Schulting tongersdei. “De rust en het stabiele van Suzanne, dat is wel een machtsgevoel. En helemaal op eigen kracht! ”