By de belibbingsflecht fan de F-35 boppe Marsum is it in drokte fan belang mei de spotters en parkearjen is altyd in probleem. Dêr hawwe boer Haaije en boerinne Teatske van der Meulen wat op fûn. Ien fan harren greiden is foar dizze kear omboud ta parkearterrein. Tegearre mei harren dochter binne se de hiele dei drok, mar fine it machtich, supergesellich en fertsjinje se der ek noch wat mei. En Haaije soarget foar de catering.