Yn de ‘De Waarme Húskeamer’ fan de Molewjuk yn Bitgummole binne jim allegear wolkom op freed 26 jannewaris. Want dan is it wer safier om meiïnoar fan in waarm miel te genietsjen fan Sybe en Libbe.
Wat der dizze kear op tafel stiet is noch in ferrassing. It is yn elts gefal in stampot. Foar in ‘Neigesetsje’ meie jo sels soargje. At jo wat meinimme, wurdt it dield. Altyd leuk en lekker om ris wat fan in oar syn ynbring te priuwen.
Fan 17.00 oere ôf binne jim wolkom. Der is earst tiid foar in bakje kofje of tee. Dit wurdt jim oanbean. Oar drinken is foar eigen rekken. Wylst kinne jim in praatsje meitsje, wat lêze of in spultsje dwaan.
Betelje hoecht net, mar mei wol. Der sil in potsje stean dêr’t je wat yn dwaan kinne.
Opjaan is wol hiel handich foar de organisaasje. Graach foar tiisdei 23 jannewaris. Meihelpe kin ek en ferfier kin regele wurde.
Foar opjefte en fragen kinne jim Sybe Bloem belje as appe: 058-2531650 / 06-12683287