Mei ferbjustering hearden wy fan it hommels ferstjerren fan ús warbere túnman, frijwilliger, Hans Hiemstra
Fanôf 2018 hat Hans mei noch in groep frijwilligers him ynset foar it ûnderhâld fan ús tsjerkhôf.
Troch de ynset fan dizze groep frijwilligers leit it tsjerkhôf der altyd hiel kreas by. Wy binne Hans dan ek tige tankber dat hy, mei sa no en dan in Kwinkslach, der mei foar soarge hat dat dit sa is. Wy winskje Aukje, de bern en bernsbern in protte moed en krêft ta by it dragen fan dit swiere ferlies.
Namens syn maten fan de tsjerkhôfploech, Jan Oosterkamp Sybren v.d. Ley Gerrit Groenbos Hans Wassenaar Geert Verf
En it bestjoer fan de Krobbe der Ut, Jan Kuppens Henk Benard Grietje Sijbesma