Tegearre kofje drinke, lekker ite, smûk byinoar sitte, sjonge, ferhalen oanheare;dat kin op sneon 20 desimber yn de Molewjuk yn Bitgummole.
We begjinne moarns om 10 oere mei in bakje kofje as tee en fansels wat lekkers.
Der is in programma mei gedichten, ferhalen en we sille ek krystlieten sjonge.
In âld ynwenster fan Bitgum, Adalgard Willemsma, sil oer har wurk yn Nij Seelân fertelle. Se hat dêr in skoft mei har húshâlding wenne, en wol de ferhalen graach mei jim diele.
Om in oere as tolve sille we mei ús allen bôle ite, alhiel yn de krystsfear. Dernei slúte we ôf.
We kinne jim ek ophelje en wer thúsbringe, gjin probleem, at jim dit efkes oanjouwe by it opjaan. Want opjaan is wol efkes nedich dan kinne we mei elk rekken hâlde.
Elkenien, ja elkenien is fan herte wolkom!
Opjaan kin by de diakonij: Sjoerdtje van Zuilen-Visser, J.H. van Aismawei 31 Bitgummole, til. 2532215 of (app) 06-12096056