Op 17 desimber bringt muzykferiening ‘Ons Genoegen’ in muzikale krystfertelling yn in nij jaske. ‘Flamke’ is in bewurking fan ‘Het meisje met de zwavelstokjes’ fan de Deenske skriuwer Hans Christian Andersen en spilet har ôf yn it hjoeddeiske Marsum. Mei meiwurking fan aktrise Mayte Veenstra en filmer Harto Schillemans wurdt der in aktueel ferhaal fertelt, wêrby spul, sang en byld byelkoar komme.”