Dizze krysttiid sil ús wol lang heuge. Mar ek hjir sitte wer sa folle kanten oan. Je kinne nei dy tiid útsjen en mar miskien op wol tsjin opsjen. Dat hinget fan de omstannichheden ôf en fan de libbensfaze wêr ‘t men yn sit. Oer de hiele wrâld wurdt de kryst fierd, it makket net út hokker religy men oanhinget of hielendal neat. De Hindoesbygelyks yn Indiafiere, nei harren eigen ‘ljochtsje feest’ (Diwali) yn oktober, de krystyn desimber like útlitten as heart it ek bij harrenreligy.
Krysttiid is it feest fan it nije jonge libben. Op nei it oare feest, dat fan Peaske, it feest fan it âlde libben dat wer nij libben wurdt. Krystfiere we folle mear útlitten as Peaske.Mar beide feesten geane fan it tsjuster nei it ljocht.De kears, symboal en teken fan ljocht en waarmte, kin yn ús dy beide eigenskippen los meitsje. We moatte it dizze kear Kryst yn lytse rûnte fiere oangeande it firus.It Krystferhaal dat fertelt dat de kastlein Joazef en Maria plak jout.Dat sprekt mij altyd oan. It is in merakel, in plak jaan oan in dakleaze, kom dêr no marris om yn ús wrâld fan ‘fakenews’, geweld en brek oan deistich iten. Dit jier is de kastlein der eins net bij. Sluten.De kastlein moat no syn eigen gelach betelje ! It liket wol symboalysk : de tûzenen flechtlingen roppe om in plakje, mar de machthawwers hâlde de grinzen mei de ‘wet’ yn ‘e hân,ticht. Wêr bliuwt de gerjochtichheid?
It docht mij tinken oan de roman “Snein” skreaun troch de Nazi’s fermoarde dominyDietrichBonhoeffer. Yn dat boekje is in beppe de haadpersoan. In beppesizzer komt efkes bij har op besite. Beppe is krekt út tsjerke wei thúskommen. Hij freget har”Hoe kin beppe dat gejeuzel alle sneinen oanhearre”? “Leave jonge, wat gerjochtichheid is, moat je hieltiten wer hearre, omdat je dat ek hieltyd wer ferjitte”.Doe hie er roppen: ‘dat wit ik wol út ‘e holle, dêr foar hoech je net nei tsjerke’.
“Ja, út ‘e holle en mei it mûltsje wol, mar it hert en de hannen leare stadiger” sei beppe doe. Dy wearden fan it Wurd ferjitte we samar wer.En passe se faak net ta yn it libben. As de jonge fuort is, betinkt se wat se net allegearre wol net sizze kinnen hie. Mar hij is no fuort. As er wer is komt, moat ik it him fertelle wat dy wearden foar my betsjutte. Ien generaasje, miskien twa witte noch fan dy âlde wearden.Asit kearske net mear flakkeret, hâldt it op! Se fielt har suver skuldich. Mar oan de oare kant wit se as men net oer God prate kin mei har neisten, dan bestiet noch altyd de mooglikheid om mei God oer bern en beppesizzers te praten.
Krystfiere mei inoar (ek al is it oars dizze kear) is altyd wer fijn.De wearden fan de kryst : waarmte en ljocht trochjaan te kinnen is prachtich. Lukas 2 liet sjen dat it ‘deagewoane’ – it wûnder fan de skepping- foar ús sa gewoan wurden is, sa dat we it út sleauwens of maklikens faken mei iepen eagen mar foar bij rinne.
Elkenien Goede Krystdagen tawinske en in Lokkich Nijjier!