It sil theologysk wol net ferantwurde wêze, mar ik bin dan ek gjin theolooch. Beide hâlde mij lykwols wol dwaande. Ik betraapje mij der soms op, dat ik mear oer it firus yn sit dan oer myn leauwen, wylst ik it firus net ha {tink ik} en wol leauw (mien ik). In doarpsgenoat hie in artikel yn it deiblêd dêroer en dat brocht mij oant prakkesearjen. Hij neamt eangst en soarch. Ik begjin al aardich te wennen om sneins net mear nei tsjerke te gean en dat fâlt mij fan mijsels wat ôf, want dat wie stefêst gebrûk. Ik sit no sneins foar de telefyzje en dat went ek al. Mar it firus hâldt mij mear yn’e macht. En dat is omdat ik ús bern, famylje en kunde wat mij en ik sjoch minsken yn ûnmacht op bêd yn’t sikehûs lizzen, dat docht wat mei mij. Dan freegje ik mij ôf bin ik no eangstich of soargelik Ik wit it net mear.