Tongersdei 9 maaie is Marsum te sjen yn it programma Hea! fan Omrop Fryslân televyzje. De kameraploech seach by it wurk oan de wapenskylden fan it Gasthús.
By it Popstaslot yn Marsum is masterskilder Jilt Heidstra drok oan it wurk. Hy soarget derfoar dat der wer in nij laachje blêdgoud op de wapenbuorden komt. Heidstra is net allinnich skilder, hy is ek noch sjonger. ‘Wat in moaie dei’ wol hy bêst efkes sjonge fan syn trep ôf. Ek behearder Bert Prins hat it mar drok, hy is dwaande mei de rûnliedings.
Omrop Fryslân televyzje, tongersdei 9 maaie, 18:20 oere (werhelling alle oeren).