Laatste update zondag, 15 september 2024
donderdag, 25 september 2014 Marsumers om útens
Roelof de Vries is de folgjende âld-Marsumer dy’t yn dizze rubryk oan it wurd komt. Net hiel fier fuort en ek noch wolris yn it doarp te sjen, mar ek geregeld op Omrop Fryslân te sjen of te hearren. Hjirûnder syn ferhaal.
“Ik bin berne op 14 maart 1983 yn Ljouwert. Hikke en tein yn Marsum. As iennichst bern, jo witte wol, sa’n ferwend jonkje. Ik bin de soan fan Wim de Vries en Lammy Homans. Oant en mei myn 18e, of 19e, ik wit it net krekt mear, ha ik thús wenne. Al frij jong wist ik: ik wol sportferslachjouwer wurde. Dêrom gie ik sjoernalistyk studearen yn Swolle. Jo witte wol, op dy oplieding dy’t sa goed yn it nijs kaam. Yn Swolle koe ik gjin keamer fine, mar yn Ljouwert wol. In skitterend plakje yn de Kleine Kerkstraat, boppe de fiskwinkel. Mei tank oan myn froendinne, dy’t dêr wurke. Nei fjouwer jier binne ik ferhuze nei de Saskiadwarsstraat. Myn freondinne wenne en studearre yn Grins en kaam nei har stúdzje werom nei Ljouwert en no wenje we yn de Mozartstrjitte. Toch wer oan de westkant fan de stêd. Dat fielt toch better as de oare kant.
Ik bin no dik acht jier sportferslachjouwer by Omrop Fryslân. Ik rûn by de Omrop staazje, die mei oan it programma Under Fjoer en wûnder boppe wûnder mocht ik bliuwe. Earst sa’n 4 jier as freelancer. Ik skreaun ek foar it Friesch Dagblad. Op myn 15e bin ik begûn as ferslachjouwer by Radio Eenhoorn. Die ik ek noch wolris ferslach fan SSS. No sit ik alle wiken by Hearrenfean. Of by oare topsporteveneminten. Ik ha trije wike yn Sotsji west, ha twa kear de Tour de France meimakke, mocht mei Hearrenfean Europa yn, seach wrâldkampioenskippen reedriden en shorttrack, folgje Olympyske sporters. Dat hie ik tsien jier lyn net tocht. It is toch wol in bytsje in dream dy’t útkaam is. Al fielt it no ek al wer hiel gewoan. Mar toch, ik rop altyd: ik ha de moaiste baan de wrâld.
Ferline jier binne Lisette en ik troud. Yn de Harmonie yn Ljouwert en it feest op Trije Hûs by Grou. Bern ha we net. Myn heit en mem wenje noch altyd yn Marsum en dêr kom ik hast alle wiken wol efkes. Of sy by mei. Mei de measte Marsummers ha ik net safolle kontakt mear. Myn measte freonen wenje dochs yn Ljouwert of yn de Rânestêd. Ien kear yn it jier fyn ik it moai om efkes nei de merke te gean. Dan sjoch ik wat âlde maten werom. Al fernim ik wol dat dat ek minder wurdt. Hieltyd minder âld-Marsummers komme dan noch efkes del. We wurde âlder sille we mar sizze. Mar der bliuwt noch wol in groepke oer en dat is moai. Ik ha noch wol in soad kontakt mei Pieter Dirk Sikkema, dy’t no yn Menaam wennet. En op sa’n merke is it moaie dat ast fiif minuten mei ien praatst, it al fuort wer sa fielt sa eartiids. Machtich, mar foarearst hoech ik net werom nei Marsum. It bliuwt dyn doarpke, dat wol. Mar echt misse, doch ik it no net. Mar sis noait-noait.
Ik ha wol in hiele moaie tiid hân yn Marsum. In soad fuotbalje, altyd mar wer. Earst by SSS, letter by Frisia en de lêste jierren wer mei in groep freonen by SSS. Op myn 16de bin ik opereard wêrtroch it fuotbaljen net mear woe. Mar myn jeugd bestie út fuotbaljen. Op it skoalplein, altyd mar wer rúzje meitsje mei de buorlju fan it skoalplein, omdat we de bal faak út de tún helje moasten. Mar ek in soad tennisje. Yn de koai, of op de baan, klupkampioenskippen, machtich. En sa no en dan in bytsje keatse.
Nei de basisskoalle gie ik nei it Slauerhoff, wat no it Piter Jelles Montessori is. It stappen begûn yn Berltsum, yn Sans Souci en Hof van Holland. Earst mei de auto. Heit en mem, faak dy fan my trouwes, hellen en brochten ús. Letter mei de borrelbus. Mei in moaie groep maten út Marsum. Letter sieten we faak yn De Caravan. Tichtby it fuotbalfjild, op it parkearplak. Dêr siet wol wat mear de âldere garde fan de jeugd. Letter hiene we in eigen plak, it Túnhúske neamden we it. Achter yn de tún by Van der Baan oan de Bitgummerdyk. Bar der yn, want banken, bier helje by Kees en Maaike, moaie tiid. Wat ha we dêr moaie jûnen hân. En wat in geouwehoer ek. Hangjongeren wiene we.
Marsum bliuwt in doarp. En yn de measte doarpen wurdt der roddele. It moaie oan Marsum is it grutte ‘ons-kent-ons’-gehalte. Gesellich, moai ouwehoere. Us freonegroep naam it ek altyd foar elkoar op. We naaiden elkoar ek wolris, mar we wiene wol hecht. It neidiel fan in doarp as Marsum, is dat der in soad praat wurdt. Dy hat dit dien, dy hat dat dien. Dat is yn de stêd folle minder. Ien kear yn it jier nei de merke. Altyd deselde minsken dy’t smoar binne of slaanderij ha. It sit allegeare te ticht op elkoar en dat hoecht fan my net. Ik bin wol in stêdsje wurden. Binnen fiif minuten yn de stêd, terraske pakke, alle tongersdeijûnen de kroech yn, winkelje, lekker ite. Nee, dat libben foldocht my goed. Dy sosjale kontrôle kin moai wêze, mar lit my mar gewurde. Mar as ik sjoch hoe gesellich at it bygelyks yn de Wielingastrjitte is by myn âlders. Buertfeestjes, barbeques. Dat is wol echt hiel leuk en dat is yn de stêd krekt wat minder. ‘Elk nadeel, hep zijn voordeel’, zei Johan Cruijff alris. ”
09-09-2024 Prikbord
09-09-2024 Prikbord
09-09-2024 Kerknieuws
03-09-2024 Kerknieuws
04-07-2024 Kerknieuws