Ik kaam de ingel mei de sinnewizer op ‘e katedraal fan Chartres (sjoch de foto) op itspoar fia in gedicht fan de Dútskedichter Rainer Maria Rilke.
Nei ’t er yn 1902 nei Parysferfearn wie, hat er út Parys wei ferskate kearen in besite brochtoan de katedraal fan Chartres. Dêrby waard er troffen troch dit byld fan de ingel mei de sinnewizer. De ingel stamt út de tolfde ieu, de sinnewizer is fan 1528. Wat Rilke trof wie it glimke op de lippen fan de ingel. Yn in gedicht oer de ingel neamt er de mûle fan de ingel in mûle dy’tút hûndert mûlen makke liket. Yn syn deiboek seit er fan itglimkjen fan de ingel dat it liket oft de frede fan de himel himdêryn wjerspegelt. Dy mûle rekket him. It byld as gehiel liket te sizzen dat ús tiden yn Gods hân binne.
Rilke leart troch dit byld mei hiel oare eagen nei de dingen te sjen. Normaal sprutsen beplakke wy de wrâld om ús hinne mei plakkerkes mei dêrop wat wy fan de dingen fine of wêr’ t wy se foar brûke kinne. We sjogge in stik hout en tinke: dat is moaifoar de iepen hurd, of moai om dit of dat fan te meitsjen, of we sjogge der handel yn. Wy moetsje in oar en sizze: ‘o ja, dy is sa en sa’. Oant wy in oar echt yn de eagen sjogge of op in moaiesimmerjûn in klyster sjongen heare en de werklikheid sels yn al syn skjintme en al syn kwetsberens by ús binnen komt. It is dywize fan sjen dy ’t Rilke yn dy tiid ûntdekt.
Hy leart sa te sjen, dat de dingen by him binnen komme. Hy lithim reitsje troch wat er sjocht. Oft it no in blom, in fûgel of in bern is. Oft it no om freugde giet of om pine. Hy leart it libben te fielen yn al syn yntinsiteit en fernimt dan, oan al ús etiketsjesfoarby, yn de dingen in geheim dat wy nea omfiemje kinne.
Hy ûnderfynt Gods gloarje dy’t de ûnderstream fan alle libben is.
It is dy ûnderfining dy’t him begripen docht wat de ingel fan Chartres bedoelt at er seit dat ús tiden yn Gods hân binne. Efterde klokketiid, efter de aginda fan ús drokke dwaan en litten, efter wat ús oerkommen is, giet in oare tiid beskûle: Tiid as geskink dat ús fan dei ta dei tafalt. Ut Gods hân. Tiid as wûnder.
De ingel fan Chartres is in útnûging om bûten it lytse wrâldsjefan ús eigen besonjes te stappen en iepen en mei oandacht te libjen. Lear it fan de dichters, fan sjongers, fan bern. Hear it liet yn alle dingen.
Haw it libben leaf en de dagen sille fol fan seine wurde.