OKK Marsum spilet in toanielstik oer pesten
‘Stel my net teloar’
Hoe wie dat by jo op skoalle; Hearden jo by dat perfekte groepke of woene jo ek wol ris graach by de meast populêre klassegenoat op skoalle hearre? Wat hiene jo derfoar oer?
Toanielferiening OKK Marsum sil yn it toanielstik “stel my net teloar” sjen litte wat pesten dwaan kin mei in groep pubers.
Om omtinken te jaan oan dit aktuele ûnderwerp sil OKK Marsum dit stik, skreaun troch Marleen van den Berg, ta libben bringe. Elk lêst en sjocht de nijsberjochten oer pesten en wat de gefolgen hjirfan wêze kinne. Dit jier sille dêrom 13 spilers, wêrfan in grut diel jeugdspilers, sjen litte wat der barre kin yn sa’n situaasje. Miskien witte se net iens dat se peste, mar soene sy der úteinlik wat fan leare kinne at se konfrontearre wurde mei harren pestgedrach? En sy dy pest wurde, wat bart der mei harren? En hoe gean folwoeksenen om mei sokke situaasjes?
Pestkop Sietske wol sûnder al te folle muoite hege sifers helje op skoalle en besiket mei har groepke it skoallibben fan Brecht lestich te meitsjen. Brecht hat it der swier mei: “Alle eagen binne op my rjochte. Nimmen dy’t my helpt”. Mar op it momint dat it fierder út de hân rint en guon ‘freondinnen’ fan Sietske harren ferantwurdzje moatte by de learkrêft of by harren âlden begjinne sy ek harren fragen te krijen. In grutte fraach oer identiteit en hoe’t je je gedrage moatte. “Je krije les oer hoalebewenners, mar hoe’t je omgean moatte mei klassegenoaten? Ik wit it net!”
In serieus stik, mar op syn tiid is der ek plak foar in grap en frjemde typen. In dôve konsjerzje dy’t úteinlik ek Sietske har libben lestich makket. En sleauwe of just tige aktive pubers dy’t sa harren streken úthelje. Mar wat foar kant kiest elk? Wêr fiele se harren thús? En wat tinke se at wy de ferhalen fan Brecht hearre, dy slim pest is?
De útfiering is op freed 17 en sneon 18 maart, om 20:00 yn doarpshûs ‘Nij Franjum’. Kaarten €10, oan de doar.
OKK marsum spilet op 17 en 18 maart 2017
Doarpshûs Nij Franjum, Marsum
Oanfang 20.00 oere | Yntree € 10,00.
Kaarten reservearje kin fia de mail:
Graach Namme, Oantal en Datum trochjaan!
wietskehoekzema@gmail.com
‘Stel my net teloar’
In eigentIidsk stik oer pesten.
‘Stel my net teloar’ is in stik oer in stel pubers
op skoalle en thús. In aktueel stik oer pesten.
Lit dy meislepe yn it ferhaal fan haat, mislieding,
manipulaasje en miskien wol spyt?
Skreaun troch Marleen van den Berg
Oersetting troch Rudi Stuve en Nynke Anna Varkevisser
Spilers: Nicole Albrecht, Jennifer Boersma, Annamaaike Fokkema,
Renee Fokkema-Smits, Romke Kees Fokkema, Wietske Hoekzema, Alex Hofman, Serena Hovenga, Nancy de Jong, Dagmar Kroes, Redmer van der Meer, Simon van der Ploeg en Sofie Stuve.
Ljocht en Lûd: Henk Vellinga en Jasper Wybenga | Dekorûntwerp: Rudi Stuve | Dekorbou: Henk Vellinga en Rienk Julianus | Fotografy: Jennifer Boersma | Grafyske Foarmjouwing: Rudi Stuve | Produksje: Wietske Hoekzema.