Woansdeitejûn 5 septimber gie foar in grôtfolle tribune it stik De Goedhertige Bulderbast spile toch OKK Marsum yn premjêre yn de tún fan it Poptaslot. Noch nea earder yn de histoarje fan it slot sil de prachtige tún tsjinne ha as dekôr foar in toanielstik. En ek OKK sil fêst net faak spile ha op sa’n moai plakje.
Nei in koart kuierke fan de feesttinte nei de tún fan it slot oer in pontonbrêge sykje sa’n trijehûndert Marsummers en oare belangstellenden in plakje op de hege tribune. It sitplak is sa opsteld dat it keurige gers en moaie perkguod fan túnmannen Jan en Piebe sa min mooglik skansearre rekket. Mar der is in prachtich sicht op it bordes en it grint dêr’t it ferhaal fan hear Popta him ôfspilet. Wouter Daane is de regisseur fan it 18de iuwske stik fan de Italiaanske skriuwer Goldoni, Baukje Julianus sette it oer yn it Frysk. Hjiryn is Popta in man mei in koart lontsje mar in goed hert, dy’t him ferskriklik opwynt oer syn omkesizzer Dalancour. Dizze hat syn kaptaal fergriemd oan syn frou, en dêrtroch moat sels syn suster Angelique no mar it kleaster yn omdat de breidsskat op is. Popta tinkt it goed te dwaan troch Angelique út te houlikjen oan syn âlde freon Duval, mar Angelique wol eins mei in oar trouwe. Mei help fan de húshâldster en de tsjinstboade fan Popta komt alles úteinlik dochs goed, ek al bulderet Popta hiel wat ôf. Rudi Stuve spilet in prachtige haadrol as hear Popta, mar ek bygelyks Adri Bouma docht it geweldich as tsjinstboade Picard. Skitterjend binne de kostúms en rekwisiten, dy’t allegearre blau-wyt binne, de kleuren fan it wapen fan Popta. Der is sels in lyts roltsje weilein foar de kat fan slotbehearder Bert Prins, dy’t it toaniel efkes ynspektearen komt. In bisûnder stik op in hiele bisûndere lokaasje. Spilers en regisseur wurde nei ôfrin beleane mei in grut applaus, blommen en in tankwurdsje fan de rintmaster fan it slot.