Sneintemiddei 10 july siet doarpshûs It String fol mei ynwenners fan Boksum, Deinum, Marsum en omkriten. Al dat folk wie kommen om te hearren en te sjen op watfoar wize it Cocktail Hour serveard wurde soe troch de muzykkorpsen Ons Genoegen fan Marsum en Advendo fan Deinum Boksum en Blessum. Dit barren soe earst yn de iepenloft plakfine mar, omt men it waar net rjocht fertroude, waard dochs mar besletten om it yn It String te hâlden. It soe in ramp wêze as bygelyks it mingpaniel fan Bram Verbaas wiet reinde, elektroanika en wetter is in folslein ferkearde kombinaasje!
Op it poadium stie de tooch fan POP-UP BAR “Our pleasure” fol mei allegearre flessen eksoatyske drank. Bartender Ruthger Zijlstra stie klear om lekkere cocktails te meitsjen. Om fjouwer oere gie it los en hiet dirigint Jorrit Laverman it publyk wolkom. Neffens Jorrit koe men dizze middei hearlik ûntspanne mei in drankje en in klankje: Under de muzyk wurde aanst drankjes rûnbrocht. Dirigint Jorrit frege as in folleard ober: menear/mefrou wat meie wy foar jo ynskinke? Wetter? In gleske wetter, mar net samar wetter, nee it is Brasiliaans drinkwetter oftewol Aqua de Beber. En út Brasilië omt wy allinne it bêste en suverste drinkwetter goed genôch fine. Wy spylje ek in stik mei de namme Aqua de Beber. As jo it drinke is it krekt as binne jo op it wite strân fan Sao Paulo of de Copacabana fan Rio de Janeiro. En wat woene jo drinke mefrou? In kop kofje? Hielendal prima, it wurdt no setten, en by it servearjen spile it korps Kopje koffie, tige tapaslik. Hjirnei waard der in bestelling op de bar dellein fan in Sophietje dy’t graach ranja ha wol. Dat koe en ûnder it spyljen fan Sophietje drinkt ranja met een rietje waard de ranja brocht. Mar gjin rietje by de ranja, en ja, wêr helje je sagau in rietje wei? Jorrit wist rie, hy frege oan saksofoanist Erik om in rietje en warempel der kaam in moai rietje út de muzykkoffer fan Erik, en sa wie de ranja mei in rietje kompleet, ek wer klear.
Jorrit frege wer immen wat er drinke woe en der waard whiskey besteld, net in glês mar in jar, in kanne fol. Ha we hjir wol in kanne? Barman Ruthger rint it doarpshûs yn om in kanne te sykjen en wilens spilet it korps it nûmer The Wild Rover fan The Dubliners. Ruthger komt werom mei in kanne en skinkt dy fol whiskey. De folgjende bestelling is in cocktail margarita. Ruthger makket de cocktail en it korps spilet Margherita fan Marco Borsato. Ruthger seit dan tsjin Jorrit dat dit nûmer echt net kin as hy no de margarita serveart, want dan krijt it drankje in rare bijsmaak. Dus wurdt de klant frege om wat oars te drinken en dat wurdt martini. Dat is prima seit Jorrit, dan spylje wy Martini fan Jacob de Haan, dy hat noch gjin beskuldiging oan de broek wol Ruthger?
Jorrit freget barman Ruthger oft er it noch wat folhâlde kin. No, seit Ruthger, binne wy hast klear? Omdat de barman lykwols noch net klear is krijt er Acquarius (Keeps you going) te drinken en wylst spilet it korps Acquarius fan de Party Animals. Dan freget Jorrit oan in man mei in sinnebril op wat wol menear drinke? Reade wyn seit de man dy’t Wybo Smids blykt te wêzen, reade wyn want dat nim ik altyd fleurich yn. O, dus jo binne in reade wyn kenner? Ja, ik bin Mister reade wyn himsels kin men wol sizze seit Wybo, stapt mei in glês reade wyn yn ‘e hân it poadium op en sjongt mei begelieding fan de muzikanten in liet oer de reade wyn. In pear kear as it korps spilet rint Jorrit al dirigearjend nei de marimba achteroan yn it korps en spilet der op. Prachtich om te hearren dat heldere lûd fan de marimba dat boppe de korpsmuzyk útkomt.
Nei noch wat lekkere drankjes mei muzyk, ûnder oare noch Sex on the beach wurdt spile, wurdt it konsert ôfsletten mei it spyljen fan Bacardi Lemon.
It sechje mei drank mear klank wie dizze middei noris echt fan tapassing, mei dit ferskil dat de muzikanten net oan de drank sieten mar it publyk. Alle lof foar de beide korpsen dy’t in moai muzikaal optreden fersoargen . Tagelyk in grut komplimint foar Jorrit Laverman, dy’t dirigint en muzikant is, mar dy’t ek as entertainer hiel goed út ‘e fuotten kin, klasse!