Op myn meditaasje fan ôfrûne moanne haw ik in protte reaksjes krigen. Tank dêrfoar. Myn Fredeskears stiet dei en nacht yn ‘t foarrút fan de pastorij, en yn tsjerke ûntstekke wy alle kearen wer in Fredeskears. Hieltiid mear krij ik ûnder it begrip wat de kearnpunten fan de Berchrede binne: Jezus syn libben en wurkjen is: it grutte ferset tsjin in mienskip dy’t ûnbarmhertich en ûnrjochtfeardich is, oarsaken: fierstentefolle geweld (lichaamlik en mentaal) en earmoede (materieel en geastlik). Dat stiet behoarlik fier ôf fan it dogma, mei nammen ferwurde troch de apostel Paulus, dat Jezus oan it krús foar ús sûnden ferstoarn is en dat wy troch dit te leauwen yn de himel komme kinne (en oaren net?). It kristendom, de tsjerke, hat dit dogma, ûnder oaren, brûkt om de skiepkes byelkoar te hâlden. Mar moat de tsjerke net foaral ek trochpakken bliuwe yn it opfolgjen fan de Berchrede, troch te bouwen oan in barmhertige mienskip? Ik mien fan wol! Net omdat wy dêrmei foar ússels in plakje yn de himel fertsjinje kinne, want dat kin gjin minske berikke en dêrom hat Luther gelyk as hy de tsjerke bouwe wol op it prinsipe: alles is genede út Gods hân, ek it leauwen sels dat de Geast ús alle dagen wer ynblaast. Jezus freget ús om sâlt en ljocht te wêzen en sa in barmhertige mienskip te stypjen, elkenien nei bêste kinnen, en de ien helpt de oar. Dan jouwe wy ús ynset yn tawijing oan de hilliging fan it libben. Dát is ommers wat wy yn it Us Heit bidde: ‘Lit jo namme hillige wurde, lit jo keninkryk komme, lit jo wil dien wurde op ierde likegoed as yn de himel.’ Gods wil moat wol ‘dien’ bleauwn wurde, troch alle minsken, dat is it grutte appèl fan de Berchrede, it komt net fansels. It minskdom is en bliuwt partner yn it hillich Ferbûn. It jout my hope dat de measte minsken al in hiele protte dogge foar Gods ryk. Mar it goede wurdt te faak stikken makke troch de tsjinstanners fan in barmhertige mienskip. Tsjerke en mienskip meie dêrom trou bliuwe oan sa’n mienskip. Ora et labora, bidde én wurkje, pro Deo, sûnder beleaning te ferwachtsjen, alle dagen wer. In tsjerke dy’t sa ûnderweis is dêr wol ik graach by heare. In fearkrêftige tsjerke dy’t sjongen bliuwt dat leauwe, hope en leafde nea fergean kinne, in tsjerke dêr’t ik bidde kin:
Yn’e nacht oan’t ljocht kaam bern fan heger hân, dat ús tsjuster weinaam, ljocht dat sjongend brânt, kom yn dizze dagen, kom yn dizze nacht, nei in wrâld fol fragen, slaan ús roppen acht. (Liet 505)
Fan herte winskje ik jimme in Krystfeest yn Frede, moed en leafde as it libben kwetsber blykt en in hoopfol nij jier 2024.
Hertlike groet fan ds Ulbe Tjallingii
TSJERKETSJINSTEN:
Snein 21 jannewaris 09:30 oerePontianustsjerke Marsum
Afgelopen 14 november was het een gezellige boel in ‘De waarme húskamer’ in Marsum. Er waren 8 dames aanwezig. Onder leiding van Pietie en Anneke hebben ze een fijne middag gehad en volgens de berichten is er ‘hiel wat ôflake’. Onder het genot van een hapje en drankje was het weer een geslaagde middag.
In Marsum hebben ze afgesproken dat ze op dinsdag 9 januari om 15.00 uur weer in de consistorie in De Buorren samenkomen. Het blijkt dat het in de behoefte voorziet. Zo eenvoudig kan het soms zijn. Iedereen is trouwens welkom.
De Waarme húskeamers van Bitgum en Ingelum gaan in januari weer van start. Nader bericht volgt.
BLOMMEGROET:
19 nov. Mw. B. van der Meulen, Kuperusstrjitte 9, Marsum; Fam. C. & F. Grond, Bitgumerdyk 14, Marsum.
10 des.
Fam. P. & J. de Leeuw, Tramstrjitte 16, Marsum; Mw. M. Kolthof, Bitgumerdyk 9, Marsum;
Dhr. X. de Jager, Skoallestrjitte 5, Marsum.
KRYSTSJONGTSJINST:
24 december 2023 in de kerk van Marsum
Uitnodiging Uitnodiging Uitnodiging
Ook dit jaar willen wij U allen van harte uitnodigen om samen te komen zingen In de kerk van Marsum op kerstavond zondag 24 december a.s.
Aanvang 19.30 uur.
Onze organist is de heer Gerard Mollema.
Een groepje kinderen van o.b.s. de Polle zal, onder leiding van mevrouw Thea Oosterkamp, voor ons een kerstspel opvoeren naar aanleiding van het kerstevangelie.
Muziek, vertelling, zang en declamatie zullen elkaar afwisselen.
We hopen U allen te mogen begroeten en hopen op een inspirerende, fleurige avond vol warmte en saamhorigheid.