Dit jier hawwe hûnderten skoalbern út Fryslân meidien oan de Berneboekesjuery. Sa ek de bern út groep 7 en 8 fan De Pôlle.
De bern koenen it moaiste boek kieze út in rige fan 5, útbrocht troch de Afûk. De rige fertelt oer de famylje Travelier.
Hjoed wie de priisútrikking fan de Berneboekesjuery by ús op skoalle! De skriuwers Auck Peanstra, Jan Schotanus en Anny de Jong sieten fol spanning op it poadium te wachtsjen op de útslach. Under lieding fan Binne Reitsma ( edukaasje meiwurker fan Tresoar) is de sulveren spjeld 2012 útrikke. Jarno van Houten mocht de spjeld opdwaan by …….Auck Peanstra! Sy hat wûn mei harren boek Kantsjeboard op Kurasau. Rikst Leemburg, Berthil Anema en Bas Bleijinga mochten de blommen jaan oan de skriuwers.
Ek Omrop Fryslân wie der by. Sy hawwe opnames makke foar de radio én televyzje. De opnames wurde útstjoert op moandei 25 juny yn Hjoed en op de radio tusken 12 en 13 oere.
Hieronder de opname van uitzending gemist. Op 6.04 minuten vind je een kleine reportage op OBS de Pôlle.
De skoalle hat in prachtich boekepakket krigen, mei allegear Fryske boeken foar sawol ûnder, midden as boppebou!