Al wer in wike lyn, dat wy de Waarme hûskeamer hiene. It wie wer in tige slagge middei!
Annie de Jong hie hearlike appelcake bakt, mei slachrjemme.
Jan Kuppens hiene wy útnûge, om te fertellen fan syn reis en wurksumheden dy’t er yn juny mei in groep makke hie. nei… Oekraïne 🇺🇦
It wie in sear ymposant ferslach, mei foto’s, dy’t we op de beamer sjen koene. Spitigernôch is Mei Kramer noch hieltyd net fit. Se besiket der oare kear wer by te wêzen. Jikke Faber hjitte wy fan herte wolkom.
Freonlike groet: Anneke v Wieren Pietie Groeneveld-Idsardï